-3-
Haadstik III
De siktaris.
Kêst 5. Sitplak.
De siktaris sit lofts fan de foarsitter.
Kêst 6. Ferslach.
1. De siktaris wennet alle gearkomsten fan de ried by en hat de
soarch foar it meitsjen fan it ferslach.
2. De siktaris kin it meitsjen fan it ferslach opdrage oan in
amtner.
Kêst 7. Ferfanging.
1. Boargemaster en wethâlders wize in amtner fan de siktary oan,
dy't de siktaris ferfangt as dy net komme kin.
2. Fan dy oanwizing wurdt meidieling dien oan de ried.