-4-
Haadstik IV
It hâlden fan gearkomsten.
Kêst 8.
1De gearkomsten wurden trochstrings hâlden op de tredde
tiisdei fan de moanne om 19.30 oere.
2. It halden fan in gearkomste wurdt iepenbier bekend makke.
It oproppingsbrief wurdt ophongen yn de publikaasjekast
oan it gemeentehüs, de wurklist wurdt sa mooglik opnommen yn
in pleatslik nijsblêd en fierder wurdt der oan de gearkomste
fan de ried bekendheid jûn op de yn de gemeente gebrükelike
wize
3. It oproppingsbrief wurdt as regel 10 dagen foar de gearkom
ste oan de leden tastjoerd.
4. By wannear't boargemaster en wethâlders of trije leden fan
de ried fan betinken binne, dat der in ekstra gearkomste
belein wurde moat, skriuwt de boargemaster dizze gearkomste
út binnen 14 dagen. Tusken it oankundigjen fan dizze gear
komste en de dei wêrop de gearkomste hâlden wurdt, moat
wol in termyn fan 7 dagen lizze.
Kêst 9.
Dei en oere fan
de gearkomste.
Behinderingen
Dyjinge, dy't behindere is de gearkomste by te wenjen docht
dêrfan sa mooglik foar it begjin fan de gearkomste berjocht
oan de foarsitter.
Kêst 10.
Fuortgean
De leden, dy't foar it sluten fan de gearkomste fuort gean
wolle, sizze dat oan de foarsitter.
Kêst 11
1. De útstellen fan boargemaster en wethâlders oer de punten
dy't oan'e oarder komme, wurde oan de leden tastjoerd.
2. De stikken oer dizze punten wurde tagelyk mei it ferstjoe-
ren fan it oproppingsbrief foar de leden op besjen lein.
Is dit net mooglik, dan wurde de stikken op besjen lein
op syn minst 7 x 24 oeren foar't de gearkomste halden
wurdt
3. De stikken lizze op besjen oant it begjin fan de gearkom
ste
4. Der meie gjin stikken út it gemeenteargyfdy't by de rieds-
stikken lizze, büten it gemeentehüs brocht wurde.
Kêst 12.
1. De leden krije in fergoeding foar it riedswurk en in te-
mjittekomming yn de kosten mei tapassing fan in neier troch
de ried fêst te stellen oardering jildlike foarsjennings
rieds- en kommisjeleden.
2. De fergoeding wurdt oan de leden útbetelle yn twa gelikense
parten en wol yn jannewaris en yn july.
Utstellen fan
B. en W.
Op besjen lizzen
fan stikken.
Fergoeding rieds-
leden.