-5- Kêst 13. Sitplakken riedsleden. De riedsleden sitte elk op in fêst plak. Dit plak wurdt troch de foarsitter oanwiisd, nei oerlis mei de fraksjefoarsitters en jildt foar in folsleine riedsperioade De foarsitter tinkt derom, dat de leden fan in fraksje sa folie mooglik by elkoar sitte. Kêst 14. iepening; kworum. 1. De gearkomste begjint op de tiid dy't steld is yn it oprop- pingsbrief, as op dat stuit it fereaske tal leden oanwêzich is 2. As in kertier nei de foar de gearkomste stelde begjintiid it fereaske tal leden net oanwêzich is, lést de foarsitter de nammen fan de net-oanwêzige leden op en stelt fêst, dat de gearkomste net hâlden wurde kin. 3. As de foarsitter fêststelt, dat it tal fan de yn de gearkom ste oanwêzige leden minder wurden is as it foar it iepenjen fan de gearkomste foarskreaune tal, slút de foarsitter de gearkomste

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 21