-6-
Haadstik V
It meitsjen fan it ferslach.
Kêst 15. Ynhâld ferslach.
1. Yn it ferslach wurde opnommen:
a. de nammen fan de foarsitter, de siktaris en de leden dy't
oan- en ôfwezich wienen;
b. de saaklike ynhâld fan ytjinge yn de gearkomste sein is
mei it oanheljen derby fan de nammen fan de leden, dy't
it wurd fierden of in útstel dienen;
c. de nammen fan de leden dy't foar of tsjin in útstel stimd
hawwe of wol de oantekening dat it beslút nommen is sünder
dêroer te stimmen;
d. it oantekenjen fan de leden dy't oan de stimming net mei-
dwaan mochten en de redenen dêrfan;
e. de fêststelling fan alle besluten fan de gearkomste of
fan de foarsitter.
Elts lid hat it rjocht yn it ferslach opnimme te litten dat
er tsjin wie op in beslút, dat sünder stimming nommen is.
It ferslach wurdt opmakke yn it Nederlânsk of yn it Frysk,
ôfhinklik fan de taal dy't de sprekker brükt hat. By it
fêstlizzen fan it beslút wurdt de taal fan it ütstel fan
boargemaster en wethâlders folge.
Kêst 16. Fêststellen fer
slach.
1. Nei it iepenjen fan de gearkomste stelt de foarsitter, foar
sa fier mooglik, de fêststelling fan it ferslach fan de
foarige gearkomste oan de oarder.
2. It ferslach wurdt tagelyk mei it oproppingsbrief oan de
leden tastjoerd.
3. It fêststelde ferslach wurdt fan de foarsitter en de
siktaris tekene.
4. As der beswieren binne tsjin de redaksje fan it
ferslach, freget de foarsitter de gearkomste te besluten
of de beswieren grüne binne.
5. As de beswieren grüne binne, wurdt de wiziging dy't dêrfan
it gefolch isoanbrocht yn it ferslach en ek yn
it ferslach fan de gearkomste wêryn de beswieren nei foa-
ren brocht binne.
6. In eksimplaar fan it fêststelde ferslach wurdt bewarre
yn it gemeenteargyf
Kêst 17.
It ferslach fan besletten gearkomsten wurdt apart opmakke.
It wurdt yn de earstfolgjende gearkomste mei sletten
doarren foarlêzen en al as net wizige fêststeld.
2.
3.
Ferslach besletten
gearkomste