-6- Haadstik V It meitsjen fan it ferslach. Kêst 15. Ynhâld ferslach. 1. Yn it ferslach wurde opnommen: a. de nammen fan de foarsitter, de siktaris en de leden dy't oan- en ôfwezich wienen; b. de saaklike ynhâld fan ytjinge yn de gearkomste sein is mei it oanheljen derby fan de nammen fan de leden, dy't it wurd fierden of in útstel dienen; c. de nammen fan de leden dy't foar of tsjin in útstel stimd hawwe of wol de oantekening dat it beslút nommen is sünder dêroer te stimmen; d. it oantekenjen fan de leden dy't oan de stimming net mei- dwaan mochten en de redenen dêrfan; e. de fêststelling fan alle besluten fan de gearkomste of fan de foarsitter. Elts lid hat it rjocht yn it ferslach opnimme te litten dat er tsjin wie op in beslút, dat sünder stimming nommen is. It ferslach wurdt opmakke yn it Nederlânsk of yn it Frysk, ôfhinklik fan de taal dy't de sprekker brükt hat. By it fêstlizzen fan it beslút wurdt de taal fan it ütstel fan boargemaster en wethâlders folge. Kêst 16. Fêststellen fer slach. 1. Nei it iepenjen fan de gearkomste stelt de foarsitter, foar sa fier mooglik, de fêststelling fan it ferslach fan de foarige gearkomste oan de oarder. 2. It ferslach wurdt tagelyk mei it oproppingsbrief oan de leden tastjoerd. 3. It fêststelde ferslach wurdt fan de foarsitter en de siktaris tekene. 4. As der beswieren binne tsjin de redaksje fan it ferslach, freget de foarsitter de gearkomste te besluten of de beswieren grüne binne. 5. As de beswieren grüne binne, wurdt de wiziging dy't dêrfan it gefolch isoanbrocht yn it ferslach en ek yn it ferslach fan de gearkomste wêryn de beswieren nei foa- ren brocht binne. 6. In eksimplaar fan it fêststelde ferslach wurdt bewarre yn it gemeenteargyf Kêst 17. It ferslach fan besletten gearkomsten wurdt apart opmakke. It wurdt yn de earstfolgjende gearkomste mei sletten doarren foarlêzen en al as net wizige fêststeld. 2. 3. Ferslach besletten gearkomste

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 22