-7-
Haadstik VI
It oerlis yn de gearkomste.
Kêst 18.
De folchoarder fan de wurklist bepaalt de oarder fan behan-
neling fan de Onderwerpen yn de gearkomste.
Op útstel fan de foarsitter of op syn minst trije leden fan
de ried kin de ried beslute in oare folchoarder oan te
hâlden.
Kêst 19.
Folchoarder behan-
neling Onderwerpen.
1. De foarsitter hat it foech in Onderwerp, dat net op de
wurklist foarkomt, oan de oarder te stellen.
2. Ofsjoen fan it niis neamde foech fan de foarsitter moat
in Otstel, frjemd oan de oarder fan de dei, op syn minst
5 x 24 oeren foar it hâlden fan de gearkomste skriftlik
by de foarsitter yntsjinne wurde. In Otstel as hjir bedoeld
kin yn de gearkomste allinne bepraat wurde as it yntsjinne
is troch op syn minst 3 leden of nei meidieling oan de
gearkomste .troch op syn minst 2 oare leden stipe wurdt.
Kêst 20.
1. In Otstel om in Onderwerp dat oan'e oarder is te ferskowen
nei in oare gearkomste moat de stipe hawwe fan op syn minst
twa oare leden, foar't dêr oer praat wurde kin.
2. In Otstel om in Onderwerp oan te hâlden wurdt fuort yn
besprek jQn en ófdien.
Kêst 21.
1. Gjin lid fiert it wurd as er it net earst oan de foarsitter
frege en fan him krige hat.
De foarsitter ferlient it wurd yn de folchoarder, wêryn
it frege is.
2. De ried kin op Otstel fan de foarsitter of op syn minst
trije leden by it begjin of yn de rin fan it kediizjen
oer in Onderwerp de sprektiid fan de leden beheine.
3. As de tastiene sprektiid fan in lid foarby is, noeget de
foarsitter dat lid út syn ferhaal dien te meitsjen.
4. Gjin beheining fan sprektiid kin oplein wurde oan dyjingen,
dy't neamd binne yn de leden 3 en 4 fan kêst 23.
Kêst 22.
De folchoarder fan sprekkers kin feroare wurde, as in lid
it wurd freget foar in persoanlik feit, foar it yntsjin-
jen fan in moasje fan oarder of in Otstel ta it sluten fan
de gearkomste
De oarder wurdt ek ferbrutsen, as in lid freget de gearkom
ste te ferskowen.
Underwerpen frjemd
oan de oarder fan
de dei.
Utstel fan behan-
neling.
Folchoarder sprek
kers
Feroarjen fan de
folchoarder fan
sprekkers