-8-
Kêst 23.
1. Utsein de foarsitter mei net ien mear as twa kear oer
itselde Onderwerp it wurd fiere. De leden, dy't yn earste
ynstânsje oer in Onderwerp net it wurd fierd hawwe, kinne
yn twadde ynstânsje oer itselde Onderwerp mar ien kear
it wurd fiere.
2. De foarsitter of de ried kin yn bisündere gefallen tastean,
dat fan it foarskrift fan it earste lid ôfwykt wurdt.
3. It bepaalde yn it earste lid jildt net foar de rapporteur
fan in kommisje en ek net foar de yntsjinner (s) fan in
útstel.
4It earste lid is ek net fan tapassing op de wethâlders
by it behanneljen fan Onderwerpen dy't hearre ta harren
portefeuille
5. It stellen fan in fraach foar it krijen fan in ynljochting
oer in Onderwerp dat oan'e oarder ia, wurdt as der net in
taljochting by jun wurdt, net beskôge as it fieren fan it
wurd.
Kêst 24.
Oer elk Onderwerp dat yn besprek jûn is, en dat yn ünder-
dielen of kêsten splitst is, wurde earst algemiene skô-
gings hâlden en dêrnei wurdt sa nedich kediisd oer de Onder
dielen of kêsten.
Kêst 25. Initiatyfútstellen.
1. Elts lid hat it rjocht oan de ried in útstel te dwaan.
2. Alle initiatyf-útstellen wurde skriftlik en fan in taljoch
ting fersjoen yntsjinne by de foarsitter foar't de gear-
komste begjint. Dizze útstellen wurde yn hannen steld fan
boargemaster en wethâlders om advys of foar in neiere ta-
rieding ferwiisd nei in fêste of bisündere kommisje út
de ried.
3. In initiatyf-útstel wurdt yn de earstfolgjende gearkomste
behannele, behalve wannear't de ried fan betinken is, dat
soks net kin.
4. De ried kin yn bisündere gefallen beslüte in initiatyf-
útstel fuortendaliks te behanneljen.
It útstel om dat te dwaan moat fan op syn minst twa leden
stipe wurde
Kêst 26. Amendementen.
1. Elts lid hat it rjocht oangeande it útstel dat oan'e oarder
is wizigen foar te dragen.
2. Dizze amendementen moatte, as de foarsitter dêrom freget,
skriftlik by him yntsjinne wurde.
3. Amendementen kinne net yn besprek komme as hja net fan op
syn minst twa oare leden stipe wurde
4. As in amendement of in sub-amendement genôch stipe hat,
wurdt it yn besprek jûn noch foar't kediisd wurdt oer it
útstel of it amendement, dêr't it op yntsjinne is.
5. De meast fiergeande sub-amendementen en amendementen wurde
it earst yn besprek jûn; subammendementen komme dêrby earder
oan'e oarder as de amendementen, dêr't hja op yntsjinne binne
Sprekke yn twa
ynstânsjes
Algemiene skogmgs
en behanneling fan
de ûnderdielen.