-9-
6-. Salang it petear dêroer net dien is, kin de yntsjinner
fan in amendement of sub-amendement syn ústel ynlüke.
7. Elts lid hat it foech in ynlutsen amendement of sub-amen
dement oer te nimmen en op'e nij yn of by it petear te
belüken, sünder dat it amendement of sub-amendement
wer stipe wurde hoecht.
Kêst 27.
1. De leden fiere it wurd fan harren sitplak óf. Hja rjochtsje
har ta de foarsitter, nei eigen kar yn it Nederlânsk of
yn it Frysk.
2. In sprekker mei yn syn ferhaal net steurd of ûnderbrutsen
wurde, útsein in koarte ynterrupsje. Dit ferbod is net fan
tapassing as de foarsitter in sprekker it neilibjen fan dit
Regleming foarhâlde wol en ek net yn de gefallen, neamd yn
it tredde en fjirde lid.
3. As in sprekker ôfwykt fan it Onderwerp dat oan'e oarder is,
seit de foarsitter dat en noeget him of har út by it Onder
werp te bliuwen.
4. As in sprekker misledigjende of Onfoege taal brûkt of op
hokker wize ek de oarder fersteurt, ropt de foarsitter him
of har ta de oarder. Hjirfan wurdt meidieling dien yn it
ferslach fan de gearkomste.
Kêst 28
1. As in sprekker troch giet mei fan it Onderwerp óf te wiken,
misledigjende of Onfoege taal te bruken, de oarder te fer-
steuren of net foldocht oan de Otnoeging fan de foarsitter,
neamd yn kêst 21, lid 3 of 27, lid 3, untnimt de foarsitter
him of har it wurd.
Hjirfan is gjin berop op de ried mooglik.
2. Yn de gearkomste, wêryn tapassing jûn wurdt oan it earste
lid kin it lid dat it wurd Ontnommen is net meer meiprate
oer it Otstel, dat oan'e oarder is.
Kêst 29.
De foarsitter kin mei it each op it bewarjen fan de oarder
de gearkomste foar in troch him te stellen skoft ferskowe
en, as nei it op'e nij iepenjen de oarder wer fersteurd
wurdt, de gearkomste slute.
Kêst 30.
1. As de foarsitter fan betinken is, dat in Onderwerp dat
oan de oarder steld is, genóch bepraat en taljochte is,
slacht er de gearkomste foar it petear dien te ferklear-
jen.
2. In Otstel fan oarder of in Otstel in petear dien te fer-
klearjen, troch ien fan de leden yntsjinne, moat stipe
wurde fan op syn minst twa oare leden, oars wurdt it
net behanneleOer in Otstel fan oarder wurdt ferstien
in Otstel ta it nimmen fan in beslút oer de wize, it
tiidstip of de djoer fan behanneling fan in Onderwerp,
dat oan'e oarder is.
Oarder yn de
gearkomste
It Ontnimmen
fan it wurd.
Ferskowe of slute
fan de gearkomste
yn it belang fan
de oarder.
Dien ferklearjen
fan it petear.