- 11 -
Haadstik VII.
Stimmen oer_saken
Kêst 34.
Folchoarder
1. Foar it begjin fan de earste stimming nimt de foarsitter in
nümer út in bus, dêr't' op elkoar folgjende nûmers yn sitte fan
ien oant en mei santjin.
De earste stimming en ek alle mooglike fierdere stimmxngen, yn
folchoarder fan de presinsjelistbegjinne by it nümer dat út
de bus nommen is
2. In foarsitter, dy't lid fan de ried is, stimt as léste.
3. De siktaris hâldt oantekening fan de útbrochte stimmen.
Kêst 35. It stimmen.
1. Utsündere it net meidwaan oan de stimming op grün fan de
gemeentewet, binne alle leden dy't har yn de gearkomste-
seal befine, ferplichte te stimmen en dat te dwaan mei it
sizzen fan "foar" of "tsjin", sünder dêr fierder eat oan
ta te heakjen.
2. Elts lid kin freegje om yn it ferslach op te nimmen, dat
er him by it útbringen fan de stim fersind hat.
Kêst 36.
1. It stimmen giet sa nedich earst oer de subamendeminten, dêr-
nei oer de amendeminten, dêrnei oer de ünderdielen of kêsten
fan it útstel en by eintsje beslút oer it folsleine útstel.
Dêrby komme wizigings, útstellen en amendeminten dy't it
fierst geane, it earst yn stimming.
2. De léste stimming is it beslút fan de gearkomste.
3. As der oer de tapassing fan dit kêst net gelyk tocht wurdt,
sil de gearkomste dêroer beslute.
Folchoarder fan
yn stimming
bringe
Beslút.