- 12 -
Haadstik VIII.
Stimmen oer persoanen.
Kêst 37. It opnimmen
fan de stimmen.
1. As der oer persoanen stimi wurde moat, beneamt de foarsitter
trije leden as stimopnimmers.
2. De stimopnimmers ündersykje of it tal stimbriefkes gelyk is oan
it tal oanwêzige leden, dat oan de stimming meidwaan moat. As
dat net sa is, dan wurdt, sünder dat de briefkes iepene wurde en
nei't dizze ferneatige binne, in nije stimming hâlden.
3. De ynhâld fan alle briefkes wurdt fan ien fan de stimopnimmers
lûdop foarlêzen, fan in twadde stimopnimmer neisjoen en fan de
tredde en de siktaris opskreaun.
4. De útslach fan in stimming wurdt fan de foarsitter oan de gear-
komste meidield.
Kêst 38. It stimmen.
Der wurdt sa folie kear stimd as der guons keazen, foardroegen
of oanrikkemandearre wurde moatte. Yn bysûndere gefallen kin de
gearkomste op útstel fan de foarsitter beslute oer mear as ien
persoan tagelyk te stimmen.
Kêst 39.
Utsûndere it net meidwaan oan de stimming op grün fan de ge
meentewet, binnen alle leden dy't har yn de gearkomsteseal be-
fine, ferplichte te stimmen en dêrta in opteard briefke yn te
leverjen.
Kêst 40. Net jildige
briefkes.
1. Briefkes dy't net ynfolle binne of gjin dúdlike persoan oan-
wize binne net jildich en wurde ta it fêststellen fan de fol-
sleine mearderheid ôflutsen fan it tal leden dat stimd hat.
Dat jildt ek foar briefkes dy't mei in oare namme ynfolle bin
ne as dêr't de kar - by werstimmen of yngefal fan foardrachten-
ta beheind wie
2. As der twifel bestiet oer de ynhâld fan in briefke, nimt de
gearkomste dêroer in beslút.
Kêst 41.
In stimming is net jildich, as de gearkomste beslút, dat
der by it stimmen eat net goed gien is, dat fan ynfloed west
hat of hawwe kin op de útslach fan de stimming.
Kêst 42. Twadde frije
stimming en wer-
1. As by de earste stimming net ien de folsleine mearderheid stimming.
krigen hat, folget in twadde frije stimming.
2. As ek by dizze twadde stimming net ien de folsleine mearderheid
krigen hat, dan wurdt in tredde stimming beheind ta de twa per
soanen dy't by de twadde stimming de measte stimmen krige hawwe,
of as de measte stimmen oan mear persoanen taskikt binne, beheind
ta alle persoanen mei de measte stimmen.
Net jildige
stimming.