- 13 -
3. As der dan noch gjin folsleine mearderheid is foar ien persoan,
dan komt der in fjirde stimming oer de twa persoanen dy't by
de tredde stimming de measte stimmen krige hawwe.
4. Binne by de tredde stimming de measte stimmen oan mear per
soanen taskikt, dan wurdt by in tuskenstimming útmakke oer
hokker persoanen de fjirde stimming gean sil.
5. As by in tuskenstimming of in fjirde stimming de stimmen stake,
wurdt der tusken de oerbleaune persoanen lotte.
Këst 43. Lotsjen.
1. As der op grûn fan kêst 42 lotte wurde moat, dan wurde de
nammen fan de persoanen tusken wa lotte wurdt troch ien fan
de stimopnimmers skreaun op aparte briefkes fan gelikense
foarm, grutte en kleur.
2. Dizze briefkes wurde op gelikense wize opteard, yn in bus of
skaal dien en skodde. Dêrnei nimt de foarsitter der ien fan de
briefkes út, teart it iepen en lést de namme lûd op foar. Dizze
persoan is dan keazen.
Kêst 44.
De stimbriefkes wurde nei ôfrin fan eltse stimming troch de
stimopnimmers fuort en yn de gearkomste ferneatige.
Ferneatigjen
fan de stim
briefkes