- 14 -
Haadstik IX
It freegjen fan ynljochtings
Kêst 45. Ynterpellaasje
1. Foar it freegjen fan ynljochtings op grün fan kêst 129
fan de gemeentewet oer in ünderwerp, dat frjemd is
oan'e oarder fan de dei, moat de gearkomste te foaren
tastimming ferliene.
2. As de foarsitter it mei it each op it jaan fan in ant-
wurd needsaaklik achtet, dat de fragen oanhâlden wurde,
dan wurde de ynljochtings jûn yn de folgjende gear
komste
3. Nei in taljochting fan de fragensteller en it antwurd
fan de kant fan it kolleezje fan boargemaster en wet-
hâlders, kin earst it lid dat om ynljochtings frege
hat en dêrnei oare leden oer it ünderwerp fan de yn
ljochtings it wurd fiere.
Kêst 46. Skriftlike fragen
1. Ek büten de gearkomsten om, kinne de leden oan boarge
master en wethâlders skriftlike fragen stelle. Dizze
fragen moatte koart en dúdlik formulearre by de foar
sitter yntsjinne wurde.
2. Sa gau mooglik, mar yn elts gefal binnen in moanne nei
ûntfangst wurdt op de fragen skriftlik antwurd jün.
Fan dizze termyn kin yn bysündere gefallen ôfwykt wurde.
3De fragen en de antwurden dêrop wurde oan de leden fan
de ried tastjoerd.
4. Noch oer de fragen, noch oer de antwurden kin yn de rieds-
gearkomsten it wurd fierd wurde