- 15 -
Haadstik X
Harkers op de publike tribune.
Kêst 47.
1. Harkers kinne de gearkomste bywenje yn it dêrta Publike tribune
oanwiisde part fan de riedseal of op in dêrta fan
de foarsitter oanwiisd plak. Dit part of dit plak
wurdt publike tribune neamd.
2. De foarsitter stelt in maksimum oan it tal harkers
en stiet noed foar it bewarjen fan oarder en rêst
ûnder de harkers.
3. It is de harkers net tastien en jou bliken fan yn-
stimmen of ôfkarren.
4. Oan de ferslachjouwers fan de parse kin de foarsit- Parsetribune
ter in oar plak tawize. Fierders jildt de ynhâld fan
dit kêst likegoed foar harren as foar de oare harkers.