- 16 -
Haadstik XI
Undersykjen_fan_begrutting_en_rekkening.
Kêst 48. Begrutting
1De ünderwerpen fan de begrutting fan de ynkomsten en
útjeften fan de gemeente en fan de aparte begruttingen
fan de takken fan tsjinst, as bedoeld yn kêst 253 fan de
gemeentewet wurde mei de oanbelangjende nota's en de
fierdere taheakken, fuort mei it oanbieden oan de ried,
oan de leden tastjoerd.
2Derby dogge boargemaster en wethâlders te witten dat
binnen in troch harren te bepalen termyn, dy't net
koarter wêze mei as 3 wiken, skriftlike
fragen yntsjinne wurde kinne oer de ûntwerp-begrut-
tingen en it gemeentlik belied yn algemiene sin.
3. Op de yn lid 2 neamde fragen jouwe boargemaster en wet-
hâlders skriftlik antwurd. Derby wurdt oanjûn wa't
hokker fragen steld hawwe.
4. Nei it beantwurdzjen fan de fragen folget in iepenbiere
behanneling. Hjirby kinne troch de fraksjes algemiene
skôgings hâlden wurde.
5Nei de algemiene skôgings of as dy net hâlden wurde
fuort nei it iepenjen kinne de leden it wurd fiere oer
de ünderwerpen dêr't skriftlike fragen oer steld binne.
Kêst 49. Rekkening
1De rekkening fan de gemeente en ek dy fan de takken
fan tsjinst, bedoeld yn kêst 253 fan de gemeentewet,
wurdt nei oanbieding oan de ried mei alle oanbelangjen-
de stikken en fierdere taheakken yn hannen steld fan
in riedskommisjebesteande út teminsten 5 leden.
2. Oanwizing fan dy leden wurdt dien troch de foarsitter,
mar de ried kin dit foech oan him hâlde.
3. De kommisje bringt oer har befiningen oan de ried in
skriftlik rapport út.
4. Op dizze kommisje binne fierders fan tapassing de kêsten
fan haadstik XII