- 17 -
Haadstik XII
Kommisjes
Kêst 50. Ferplichting om
beneaming as lid
oan te nimmen.
1. Elts lid is ferplichte om in beneaming as lid fan
in riedskommisje oan te nimmen.
Dizze ferplichting jildt net as in lid foar in we
gering redenen oanfiert dy't foar de ried te oan-
furdzjen binne.
2. In lid dat al yn trije kommisjes in sit hat hoecht
net yn mear kommisjes in sit yn te nimmen.
Kêst 51. Trochstjoeren fan
stikken
1. De stikken dy't oan de ried rjochte binne oer in
Onderwerp dêr't in kommisje foar ynsteld is, wurde
troch de foarsitter, yn hannen steld fan de oanbe-
langjende kommisje.
2De foarsitter docht meidieling fan de Ontfangst en
fan it trochstjoeren.
Kêst 52. Iepenbierheid.
1. De gearkomste fan de kommisjes wurde yn it iepenbier
hélden, behalven as de oardering op de taak, it foech
de gearstalling en de wize fan wurkjen fan in kommis-
je oars oanjout. Lykwols wurde de doarren sluten as
ien fan de oanwêzige leden dêrom freget of de foar
sitter it winsklik fynt.
De kommisje beslút hjirnei oft de gearkomste mei slet
ten doarren fuortset wurde sil.
2De foarsitter stelt it maksimum tal harkers fêst en
stiet noed foar de oarder en rêst Onder harren.
3. Alle oanwêzigen, dus ek de publike tribune, hawwe it
rjocht it wurd te fieren.
Kêst 27 lid 1, wurdt dêrby achtslein.
4. Yn iepenbiere kommisje-gearkomsten mei net oer per-
soanen praat wurde.
5. De stikken oer de Onderwerpen dy't oan'e oarder kom-
me lizze foar eltsenien op besjen oant de dei fan de
gearkomste, behalven as dit nei de miening fan boar-
gemaster en wethâlders de belangen fan de gemeente fier-
geand oantaaste kin.
Kêst 53. Ferslaggen en ad-
vizen.
De ferslagen fan de gearkomsten fan kommisjes wurde
oan alle leden fan de ried tastjoerd.