- 18 -
Dit jildt net foar de ferslaggen fan kommisjes fan
advys en bystân oan boargemaster en wethâlders.
Nei it iepenjen fan in gearkomste fan in kommisje
wurdt sa mooglik earst it ferslach fan de ôfrûne
gearkomste fêststeld.
2. It ferslach neamt, as der in advys yn stiet, of't it
giet oer in unanym of in mearderheidsadvys
3. It stânpunt fan in minderheid wurdt, as der nei
frege wurdt, altyd yn it ferslach opnommen.
4. As der gjin mearderheidsadvys foarme wurde kin,
wurde alle mieningen yn it ferslach werjûn.