- 5 -
Met deze verzuchting zou ik willen eindigen en daarbij tevens de wens
uitspreken, dat er straks vanaf station B, een zelfde soort trein ver
trekt, met of zonder rookcoupé, met daarin een gezelschap, dat op de
zelfde prettige manier met elkaar vergadert en ook onderweg af en toe
stopt, om daar een hopelijk even loyale en wijze Raad te ontmoeten.
De hear Bouma seit, dat we oan't ein fan in lange perioade sitte. Je
wurde der wat emoasioneel fan as je witte dat Idaarderadiel sa'n 700
jier bestien hat en no fan'e kaart giet. It iene eindigt en it oare
begjint en dat ropt faak in gefoel van emoasje op. Sprekker wurdt net
fertrietlik, dat is ek net de goede oplossing. Je hoege it ek net te
wezen, want jo witte wat der foar yn't plak komt. Sprekker wol net te
lang stilstean by de weryndieling. Der is sawol troch kolleezje as
troch de rie sa goed mooglik ynspiele op wat kommen giet. Om in goede
start te meitsje is genôch dien.
De P.v.d.A.-fraksje hat altyd yn de gemeente Idaarderadiel goed har
lüd hearre litten en dat lûd is altyd goed ferstien. De foargongers
fertsinje hjirfoar in béste plúm. Sprekker hoopt dat ek yn'e nije
gemeente Boarnsterhim in grutte ferantwurdlike taak op de skouders
rest fan de nije fraksje fan de P.v.d.A. Dat syn fraksje dat sa goed
en ienriedich dwaan koe komt ek omdat it hjir yn'e rie in klub fan
freonen is. Dit is in konstatearring dy't hooplik ek meinommen wurdt
nei de nije gemeente. Yn sa'n sfear fan fruchtbare gearwurking kin
allinnich mar goede dingen groeie. It wurk dat bard is koe allinnich
mar mei de treflike meiwurking fan de amtners, mei de hear Starreveld
foarop mei yn in breed sok de amtners. De fraksje wol graach tige tank
sizze foar it wurd dat se dien hawweFoaral de wize werop it wurd dien
is. It earste is fanselssprekkend,it léste net. Sprekker hoopt dat dit
fourtset wurdt yn de nije gemeente.
De rie hat hielwat útstellen op tafel krigen. Mar dat is mar in fraksje
fan wat yn de gearkomsten fan it kolleezje passearret.
Sprekker wol graach even it kolleezje memorearje, de foarsitter mei bei
de wethâlders. Hij wol graach syn petsje öfdwaan foar de wize wêrop dit
kolleezje syn paadsje skjin makke hat. It is mear dan treflik dat in
wethâlder as Diny Aukes, dy't 16 moannen ferlyn sa mar besteld waard
dit wurk te dwaan. De wize wêrop se dit dien hat, hat ús djippe wurdear-
ring. Sprekker mient dit oprjocht. Us eigen wethâlder yn it kolleezje
Durk van Gorkum. Hy underskriuwt graach de wurden fan de foarsitter, de
ynset en kennis fan saken en de kollegialiteit om in oar wat by te
bringen en om te kommen ta goede oplossings. Durk van Gorkum hat in
grutte stowende krêft west yn it kolleezje en foar syn fraksje. Tige
tank oan beide wethâlders foar dat wurk. Bliid dat beide yn Boarnsterhim
yn'e rie bliuwe.
Dan kin de wize fan arbeidzjen en de sfear allinnich mar barre ünder in
goede lieding. In lieding dy't as fanselssprekkend oannommen wurdt en wer
foar gjin regeltsjes binne. Sprekker mient dat boargemaster Holtrop yn'e
ôfrune jierren op treflike wize stâl jün hat oan in sfear fan gearwurking
en op in foet fan lykweardigens en op in foet fan foarmeel as it moast.
In bytsje minsken sil him dat neidwaan kinne.
Bliid is sprekker dêrom mei de beneamming fan boargemaster fan Boarnster
him. Dat jild ek foar de bewenners fan de gemeente.