- 5 - Met deze verzuchting zou ik willen eindigen en daarbij tevens de wens uitspreken, dat er straks vanaf station B, een zelfde soort trein ver trekt, met of zonder rookcoupé, met daarin een gezelschap, dat op de zelfde prettige manier met elkaar vergadert en ook onderweg af en toe stopt, om daar een hopelijk even loyale en wijze Raad te ontmoeten. De hear Bouma seit, dat we oan't ein fan in lange perioade sitte. Je wurde der wat emoasioneel fan as je witte dat Idaarderadiel sa'n 700 jier bestien hat en no fan'e kaart giet. It iene eindigt en it oare begjint en dat ropt faak in gefoel van emoasje op. Sprekker wurdt net fertrietlik, dat is ek net de goede oplossing. Je hoege it ek net te wezen, want jo witte wat der foar yn't plak komt. Sprekker wol net te lang stilstean by de weryndieling. Der is sawol troch kolleezje as troch de rie sa goed mooglik ynspiele op wat kommen giet. Om in goede start te meitsje is genôch dien. De P.v.d.A.-fraksje hat altyd yn de gemeente Idaarderadiel goed har lüd hearre litten en dat lûd is altyd goed ferstien. De foargongers fertsinje hjirfoar in béste plúm. Sprekker hoopt dat ek yn'e nije gemeente Boarnsterhim in grutte ferantwurdlike taak op de skouders rest fan de nije fraksje fan de P.v.d.A. Dat syn fraksje dat sa goed en ienriedich dwaan koe komt ek omdat it hjir yn'e rie in klub fan freonen is. Dit is in konstatearring dy't hooplik ek meinommen wurdt nei de nije gemeente. Yn sa'n sfear fan fruchtbare gearwurking kin allinnich mar goede dingen groeie. It wurk dat bard is koe allinnich mar mei de treflike meiwurking fan de amtners, mei de hear Starreveld foarop mei yn in breed sok de amtners. De fraksje wol graach tige tank sizze foar it wurd dat se dien hawweFoaral de wize werop it wurd dien is. It earste is fanselssprekkend,it léste net. Sprekker hoopt dat dit fourtset wurdt yn de nije gemeente. De rie hat hielwat útstellen op tafel krigen. Mar dat is mar in fraksje fan wat yn de gearkomsten fan it kolleezje passearret. Sprekker wol graach even it kolleezje memorearje, de foarsitter mei bei de wethâlders. Hij wol graach syn petsje öfdwaan foar de wize wêrop dit kolleezje syn paadsje skjin makke hat. It is mear dan treflik dat in wethâlder as Diny Aukes, dy't 16 moannen ferlyn sa mar besteld waard dit wurk te dwaan. De wize wêrop se dit dien hat, hat ús djippe wurdear- ring. Sprekker mient dit oprjocht. Us eigen wethâlder yn it kolleezje Durk van Gorkum. Hy underskriuwt graach de wurden fan de foarsitter, de ynset en kennis fan saken en de kollegialiteit om in oar wat by te bringen en om te kommen ta goede oplossings. Durk van Gorkum hat in grutte stowende krêft west yn it kolleezje en foar syn fraksje. Tige tank oan beide wethâlders foar dat wurk. Bliid dat beide yn Boarnsterhim yn'e rie bliuwe. Dan kin de wize fan arbeidzjen en de sfear allinnich mar barre ünder in goede lieding. In lieding dy't as fanselssprekkend oannommen wurdt en wer foar gjin regeltsjes binne. Sprekker mient dat boargemaster Holtrop yn'e ôfrune jierren op treflike wize stâl jün hat oan in sfear fan gearwurking en op in foet fan lykweardigens en op in foet fan foarmeel as it moast. In bytsje minsken sil him dat neidwaan kinne. Bliid is sprekker dêrom mei de beneamming fan boargemaster fan Boarnster him. Dat jild ek foar de bewenners fan de gemeente.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 27