- 7 -
De nieuwe gemeente zal dezelfde structuur hebben, met als voornaamste
inkomstenbronnen de landbouw en het watertoerisme. Het gebied zal
groter zijn, er zullen meer mensen zijn en minder raadsleden. Maar er
zal meer beleid moeten worden gevoerd. Een inspirerende zaak, deze
uitgangspunten voor de nieuwe gemeente. Spreker hoopt van harte dat
dit in een goede samenwerking zal gebeuren. Hij wil gaarne dank brengen
aan de voorzitter voor de wijze waarop hij steeds de vergaderingen heeft
geleid. Aan de andere leden van het college voor de steun en informatie,
aan de collega-raadsleden voor de goede sfeer en samenwerking. Spreker
wenst de leden die afscheid nemen veel sterkte toe. Ook brengt hij dank
aan het ambtelijk apparaat, die het mogelijk maakten, dat dit werk kon
worden gedaan. Spreker wenst allen prettige kerstdagen toe en een ge
zond en goed 1984.
De hear Knossen seit dat it doek no oer Idaarderadiel fait. Hy is it mei
âld-boargemaster Vrijling iens dat men net yn wrok weromsjen moat.
"Alle dinc hat syn tiid"stiet as spreuk yn it gemeentehüs. Sprekker
seit dat syn fraksje doetiids net tsjin de weryndieling wie en mei ge
noegen sjen sil hoe't it útrinne sil. Oan'e oare kant hat in skiedende
siktaris yn in fraachpetear himôffregeas der yn it ferline foar de
ynwenners wol foldwaande úthelle wie. As der aanst foar de ynwenners fan
Boarnsterhim mear úthelle wurde kin sil sprekker aanst efter de pylders
oanhearre
Dit wol net sizze dat sprekker de swierrichheden net sjocht fan de wer
yndieling. It ambtlik apparaat krijt in dreege tiid. It sil de nedige
oanpassing freegje. It weryndielingsbelied hat foar guon ek persoanlik
wol teloarstellingen brocht. Hy hoopt dat ek it ynpassingsbelied be-
foarderje kin dat de wurkfreugde yn it belang fan de ynwenners yn'e nije
gemeente stâl krijt.
Foarsitter, jo hawwe doetiids yn in fraachpetear sein dat jo yn Den
Haach beliedstaridend dwaande wiene mei de weryndieling en dat de téory
en praktyk nochal wat ferskilde. Sprekker is dan ek benijd of itjinge
dat de foarsitter op de Haagse tafel altyd úttocht hat no yn'e praktyk
hifke wurde kin en hy is dan ek tige benijd wêr't de foarsitter yn'e ta-
komst op promovearje sil as hy ôfskie nimt fan Boarnsterhim.
Sprekker tinkt dat it yn dizze tiid needsaaklik is om alle seilen by te
setten en de boargers dúdlik te meitsjen wêrt de knelpunten lizze en
hokker alternativen der binne. Dat sil fan de politieke partijen moed
freegje om in dúdlik stânpunt yn te nimmen, foaral fan de oerheid yn i
dizze perioade mei mindere finansiële mooglikheden
As men hjir 10 jier sitten hat, hat men dochs wol ris de oanstriid om
efterom te sjen. Sprekker wie dat net fan plan. Mar de politike ferhâl-
dingen yn'e rie binne de léste jierren in stik better wurden. Hy wol
hjirfoar fia de foarsitter mar ek fia de kollega's syn tank útsprekke.
Doe't hy krekt riedslid wie, wiene der yn'e rie ôfgrislike politike pro
blemen. Sprekker hat doe in drege perioade trochmakke. Mar mei de stipe
fan silger wethâlder Benedictus, Draisma en Smits hat hy it folhâlden.
Harren is sprekker folie tank skuldig. Syn fraksje is tankber dat oan
it rieds- en kommisjewurk meiwurke wurde koe yn it belang fan de mien-
skip.
De fraksje fan it C.D.A. winsket de foarsitter en de nije rie in protte
sukses mei harren wurk en freget derby om Gods únmisbare seine.