4. Utstel om in kommisje Fryske doarps- en strjitnammen yn te stellen. GEMEENTE BOARNSTERHIM Oan de gemeenteried. Grou, 6 jannewaris 1984. Yn jimme gearkomste fan 2 jannewaris lêstlyn ha wy tasein mei in útstel te kommen oer de nammejouwing fan de doarpen en de strjitten en diken yn ús gemeente Oanlieding wie it initiatyf-útstel fan de fraksje fan de P.v.d.A oer de namme fan de gemeente en it troch de fraksje fan de F.N.P. oanhelle brief fan Deputearre Steaten fan Fryslân fan 16 novimber 1983 oer dit ûnderwerp (leit foar jimme by de riedstikken op besjen) Wy binne fan betinken dat de nammen fan de doarpen en fan de strjitten en diken yn ús gemeente, lykas de gemeentenamme seis, Frysk hearre te wezen. Fryske nammen hearre by it tinken en fielen fan fierwei it grut- ste part fan de ynwenners Faak giet in om tige âlde nammen dy't djip woartelje yn it ferline en suver net ièns yn in Nederlânsk oerset wurde kinne. Mar ek as dat net sa is, bygelyks by de nammen fan strjittenyn de nijbou fan ús doarpen, is de Fryske namme it meast fertroud, stiet ittichtstby ús Wat dit oanbelanget koe jimme ried om ús fuort wol beslute om alle nam men yn it Frysk oer te setten. Lykwols moatte wy ek ûnder eagen sjen, dat it feroarjen fan nammen ("ferfryskje" sizze Deputearre Steaten) kosten meibringt, net allinne foar de gemeente as it giet oer it oanpassen fan ferskate registers en administraasjes en it keapjen fan nije buorden ensfh, mar ek en benam- men foar de ynwenners en de bedriuven dyt in oar adres krije. Hjir mei net te licht oer tocht wurde en wy binne it dan ek net iens mei Deputearre Steaten as hja skriuwe dat de weryndieling in tige gaadlik momint is foar de oanpassing fan de nammen, omdat der no gjin dübeld wurk dien wurde hoecht en it mei de kosten ek wat tafalle sil. Om alle aspekten dy't hjirmei anneks binne ris goed op in rychje te setten, liket it ús de baas en stel in kommisje yn dy't oer it ynfieren fan Fryske nammen foar de doarpen, de diken en de strjitten in advys útbringe moat. It advys wurdt útbrocht oan de ried binnen in neier fêst te stellen tiidrek. Dizze kommisje soe har benammen beriede moatte oer de polityke fraach of alle besteande net-frysktalige nammen feroare wurde moatte mei alle konsekwinsjes dy't dêr oan fêst sitte (bygelyks, wa moat de kosten drage; hoe te handeljen as de bewenners fan in strjitte net yn- teresseare binne) of dat folstien wurde moat mei it jaan fan Fryske nammen oan nije strjitten'en diken. It kostenaspekt foar gemeente, partikulieren en bedriuwen moat dêrby meiwoegen wurde De kommisje soe neffens ús gearstald wurde moatte út 5 leden fan de ried, út alle fraksjes 1 lid, útsein de P.v.d.A., dy't 2 fertsjint- wurdigers kriget. De kommisje soe har eigen foarsitter kieze moatte, wylst amtlike stipe garandearre wurdt. Wy soene graach sjen dat der sa'n kommisje ynsteld waard. Boargemaster en wethâlders fan de gemeente Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, A. Carolus. B.G. Holtrop.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 37