- 5 - Mefrou A. Zijlstra seit dat immen dy't net smookt, lykas hjasels, dochs al gau lest hawwe sil fan dat inkelde sigaretsje wat de hear De Wolf neamt. As der sa'n santjin minsken allegear ien sigaret opstekke, komt der dochs al gau in protte reek yn de seal. It liket har better dat der allinnich mar smookt wurdt yn de skoften. Dan wurdt de smokers en de net-smokers allebeide neat tekoart dien. It liket de hear Breeuwsma ta dat men dit ienfâldich hâlde moat, troch te sizzen dat der foar it skoft net en nei it skoft al smookt wurde mei. As it skoft dan wat letter hâlden wurdt, is der miskien ek wol in kâns dat de gearkomste al ôfrûn is. Hy stelt dan ek út om kêst 32 oan te foljen mei de wurden "oan't nei it skoft.". Dit útstel kriget net genôch stipe om yn stimming nommen te wurden. It útstel fan de hear De Wolf om de tekst fan kêst 32 te feroarjen yn: "Der wurdt fan útgien dat de oanwêzigen dy't smoke wolle yn ridlikens rekkenskip hâlde mei de net-smokers. De foarsitter mei in tydlik smookferbod of in smookskoft ynstelle kriget genôch stipe om yn stimming nommen te wurden. Dit útstel wurdt fersmiten mei trije stimmen foar en trettjin stimmen tsjin. De tsjinstimmen wiene fan de froulju Bloem, A. Zijlstra en S. Zijlstra en de manlju Van der Baan, Van den Berg, Bethlehem, Bouma, Breeuwsma, Damsma, Van Gorkum, Nieuwdam, Poppen en Stallinga. Hjirnei wurdt it Reglemint fan Oarder fêststeld neffens it útstel mei de betingsten dat: - kêst 52, lid 1, oanfolle wurdt mei de suggestje fan de hear Nieuwdam dy't noch yn it frysk oerset wurde moat: "Om tot een besluit te komen de vergadering met gesloten deuren te vervolgen, moeten de leden hebben nagegaan, inhoeverre bij een verdere openbare behandeling de kans bestaat dat economische of persoon lijke belangen zouden kunnen worden geschaad." en - kêst 52, lid 5, oanfolle wurdt mei de suggestje fan de hear De Wolf om nei de wurden "de belangen fan de gemeente" de wurden "en oaren" yn te foegjen. 4. Benoeming derde wethouder voor de gemeente Boornsterhem. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 5. Benoeming van de wethouders. De wethouders worden één voor één benoemd. Neffens de hear Van den Berg is de kolleezjefoarming it slútstik fan it úteinsetten fan Boarnsterhim. Yn it foarste plak wol hy de foarsitter lokwinskje mei syn beneaming. It hat de winsk west fan alle partijen, en dêrom kin elts dein ek tefreden wêze. Hy hellet noch efkes it foaroerlis fan de partijen oan. Dêr hat bliken dien dat nei it trochrinnen fan de programma's de partijen it oer in soad saken wol aardich iens wiene. Dêrtroch kriget de kolleezjefoarming dan ek in breed draachflak. Ek wiene de kandidaten oer en wer oannimlik foar de partijen. Oer de kar fan de wethâlderskandidaten is sprekker fan betinken dat it net allinne minsken mei ûnderfining binne, mar ek in goede ôfspegeling fan de ried is. Fierder komme de trije kandidaten út de trije 'âlde gemeenten' en hawwe hja allegear in spesifike saakkundigens dy wichtich wie foar de ynfolling fan de portefeuilles. Dy ynfolling koe sadwaande ek op tiid yn oerlis mei de foarsitter regele wurde. Nei dy ynfolling binne der fansels genôch dingen te dwaan b.g. kar fan gemeente- siktaris, kar fan regio en ynfolling fan de bestjoerlike organisaasje, en fansels de gemeentebegrutting. Syn fraksje is fan betinken dat dy begrutting faaks wol yn

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 12