- 11 - in Fryske gemeentenamme oan te nimmen mar ek Fryske plak-, strjit- en wetternammen fêst te stellen. Dêrby neamt hy ek noch efkes dat de gemeente Raarderhim sa'n twa jier ferlyn hjir al in prinsipe-útspraak oer dien hat. De voorzitter zegt dat alleen al om formele redenen die mogelijkheid niet bestaat. In het Reglemint fan Oarder staat wel de mogelijkheid om voorstellen te doen, maar daar staat ook een beperking bij. Verder lijkt het hem niet nodig dat dit nu al wordt meegenomen. De reden van het voorstel van de P.v.d.A. was dat er op grond van de wet minstens een jaar tussen het besluit en de ingangsdatum van de nieuwe naam van de gemeente moet liggen. Dat geldt uitsluitend voor de gemeente naam en niet voor plaats- en straatnamen. Spreker zegt toe dat het college in de volgende raadsvergadering met een voorstel over de Friese plaats- en straatnaamgeving zal komen. Er is dan wat meer tijd om zo'n voorstel voor te bereiden en ook de raad heeft dan de gelegenheid zich te beraden over de opstelling in de vergadering. De hear Damsma kin dêr wol mei akkoart gean. De hear Bouma is tige bliid mei de ynstimming fan de F.N.P. mei dit útstel. Hy wol noch efkes oanhelje wat de eftergrûn fan it útstel wie. It gemeentebestjoer hat it foech om in gemeentenamme fêst te stellen, mar hjir docht de frjemde situaasje him foar dat dy namme earst in jier lizzen bliuwe moat. Nei dat jier is it noch mar de fraach oft men yn Den Haach dy namme útsprekke kin en dan ta- stimming jout dy namme ek te brüken. Dat it op dizze manear moat hat fansels net de ynstimming fan syn fraksje, mar om't dy namme earst in jier lizze moat, is syn fraksje fuort dizze gearkomste al mei in útstel kaam. Ek wol hy de suggestje oan it kolleezje meijaan om mei de oare nije gemeenten yn Fryslân oer de Fryske nammejouwing kontakt op te nimmen, sadat der yn "Den Haach" net al te dreech réagearre wurdt op dy nammen. De hear De Wolf seit dat syn fraksje jerne dit útstel stipet. Syn fraksje fûn it ek tige spitich dat it ryksregear miend hat ôfwike te moatten fan it útstel fan de provinsje Fryslân om fuort Fryske nammen oan te nimmen. Sa't neffens sprekker bekend is, hat syn fraksje der altyd foar west om Fryske histoarysk ferantwurde nammen te brüken en ek al is dit dan in nije namme, dy is dochs ek histoarysk ferantwurde. Dêrom wol hy jerne dit útstel stypje. De hear Stallinga seit dat ek syn fraksje dit útstel stipet. Hierna wordt zonder hoofdelijke stemming besloten dat de gemeentenaam per 3 januari 1985 Boarnsterhim zal zijn. Vervolgens sluit de voorzitter de vergadering en hij bedankt de aanwezigen voor hun inbreng in de besluitvorming. (B. Aldus vastgesteld in de openbare vergadering van de raad van 30 januari 1984. De secretaris, De

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 18