- 9 -
no't yn Terherne de drokste tiid fan't jier begjint, alles oeral helle wurdt.
De foarsitter seit dat it fansels better west hie as alle winsken fan it doarp
útfierd wurde kind hiene. Mei it each op de finansiën binne der lykwols dy dingen
útsocht dy't it béste dien wurde koene. Dêrom sil der op dit stuit ek neat oan
de tagongsdyk fan de Jouster kant, dien wurde. Der wurdt wol socht om wat ien-
fâldige middels sa as it plantsjen fan beammen en it pleatsen fan skrikstekken,
mar it jild foar in grûnige oanpak is der net.
It paad by it Kûpersleantsje lâns wurdt ek fanwege it jild net oanlein op dit stuit.
De kosten soene sa'n 12.500,= wêze en it kolleezje woe dat bedrach hjir net
foar útlûke.
It paad yn it leantsje komt wol op de winskenlist. De ried kin der dan sa dy dat
nedich fynt, in hege prioriteit oan ta kenne.
Wat it handikaptenbelied oanbelanget, is it sa dat gemeentewurken by it lizzen
fan strjitten en stoepen dér rekken mei hâldt. It soe dus neffens sprekker net
de earste kear wêze dat der wat oan dien wurdt.
Op dit stuit is de oannimmer al oan de gong yn Terherne en der sil besocht wurde
de oerlést sa koart mooglik te hâlden. Dochs is dér net oan te ûntkommen as men in
doarp opknappe wol.
Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten.
11Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet voor: a. de uitvoering van
de wegreconstructie Rauwerd-Sijbrandaburen; b. de aanleg van de provinciale pers
leiding Sijbrandaburen-Rauwerd.
Mefrou A. Zijlstra seit dat it goed is dat de bewenners op in foarljochtingsjûn
te hearren krije wat no krekt de plannen foar dizze dyk binne.
Hja freget fierder hoe't it mei de grûnoankeapen komt. Moat der noch grûn foar
de bjirmen oankocht wurde?
Ek liket it har goed dat it kolleezje besiket dit wurk ûndershâns oan te
besteegjen mei it fersyk oan it bedriuw dat it oannimt, om safolle mooglik wurk-
leaze minsken út dizze gemeente derby yn te skeakeljen. As de oanbesteging net
ûndershâns kin dan wol hja dochs graach dat it kolleezje dit fersyk oan it bedriuw
foarleit dat it dwaan sil.
Yn dit plan sitte ek in pear drege krúspunten en it liket sprekster goed ta dat dy
yn oerlis mei it Regionaal Orgaan foar de Ferkearsfeiligens oplost wurde.
Mevrouw Aukes vraagt zich af of er nu niet twee keer een krediet voor hetzelfde
werk beschikbaar wordt gesteld. Zij meent dat de voormalige gemeente Rauwerderhem
een krediet voor dorpsvernieuwing beschikbaar heeft gesteld, waarin ook al de
aanleg van de persleiding en de wegreconstructie zijn meegenomen.
De hear Damsma slút him alhiel oan by de wurden dy't mefrou Zijlstra sein hat.
De foarsitter seit wat de fraach fan mefrou Aukes oanbelanget, dat hy op dit stuit
noch net alhiel de juste ynformaasje fan gemeentewurken krije kinnen hat. Mar it
soe yndied wolris wêze kinne dat der troch Raarderhim al in kredyt beskikber steld
is fan sa'n trije ton. As dat sa is, dan moet dat kredyt ferskood wurde nei dizze
post. As dat dan ek formeel yn de ried moat, dan sil it de folgjende gearkomste
wer oan de oarder komme. It giet der om dat der no fuort mei it wurk begûn wurde
kin.
It kolleezje hat ek al besluten om op 7 maaie yn Poppenwier in foarljochtingsjûn
te hâlden en om de tekeningen op ferskate plakken op besjen te lizzen.
De grûnoankeapen stykje op dit stuit wat, om't noch net krekt ferteld wurde kin
hoe't de ôfwurking fan de bjirmen wêze sil. Der sil besocht wurde dat op sa koart
mooglike termyn dúdlik te krijen sadat ek oan de minsken ferteld wurde kin wat
it doel is.
It ministearje fan lânbou en fiskerij hat foar dit wurk jild beskikber, mar de
tsjinst lânynrjochting is mei de útfiering belêste. Dy tsjinst wurket neffens de