- 2 -
2Mededelingen.
Punt_3^ Mefrou A. Zijlstra seit dat de gemeente Raarderhim mei Rykswettersteat
al fiergeande petearen hân hat oer de oername fan rykswei 352. Yn dy pe
tearen wiene ek tasizzings dien oer fergoedings, mar út de meidieling dy't
de twadde keamerkommisje no dien hat, blykt dêr neat fan. Ek wurdt der
skreaun dat der noch mar oriëntearjende besprekken mei Raarderhim west
hawwe, wylst der dúdlik ûnderhannele waard. As dy dyk sa oan de gemeente
oerdroegen wurde sil, sjocht sprekster dat as in finansiële bakstien om
de nekke fan de gemeente. It liket har ta dat de oername fan dizze dyk
wegere wurde moat en as dat net mooglik is, dan moet der mar tol heven
wurde om de lésten wat op te heinen.
De hear Terra is it wol mei mefrou Zijlstra iens. It liket him ta dat as
dizze dyk oernommen wurdt dat alle jild foar it ferbetterjen fan de
wegen yn de gemeente wol yn dizze dyk stutsen wurde kin om dy wat goed
te hâlden. It liket him ta dat de dyk net earder oernommen wurde moat as
wannear't der ek in fergoeding tsjinoer stiet. Hy hopet dat it kolleezje
dat ek oan de twadde keamerkommisje dúdlik meitsje wol.
De hear De Wolf tinkt dat de gemeente dizze dyk net samar wegerje kin as
it ryk dy perfoarst oerdrage wol. De minister fan ferkear en wettersteat
is fan doel om, as de wegen ôfstjitten wurde nei de gemeenten, in post
fan ûnderhâldsjilden nei it gemeentefûns oer te heveljen. It liket sprekker
goed ta dat it kolleezje ris freget oft dy jilden dan ek útkeard wurde
oan dy gemeenten dy't in dyk mei in protte efterstallich ûnderhâld lyk
as rykswei 352, taskikt krije. As dat net it gefal is, liket it him ta
dat it kolleezje dêr fia de Feriening fan Nederlânske Gemeenten of rjocht-
streeks by de twadde keamerkommisje op oan stean moat dat dat wol barre
sil. Fierder liket it sprekker goed ta dat de griffier fan de twadde
keamer op de hichte brocht wurdt fan it feit dat Raarderhim mei yngong
fan 1 jannewaris net mear bestiet. Dat skynt dy man noch altyd net te
witten, om't der noch hieltyd brieven oan Raarderhim skreaun wurde.
De hear Damsma tinkt dat de leden fan de oare partijen fia harren keamer-
leden ynfloed útoefenje moatte om noch wat oan dizze saak te dwaan.
Neffens him wurde der foar de fergoedingsregeling noarmen steld, wêr-
troch de gemeente gjin berop dwaan kin op de útsûnderlike situaasje.
Hy sjocht as iennichste mooglikheid om hjir noch wat oan te dwaan de
ynfloed fan de partijen op de keamerleden.
De voorzitter denkt dat de soep nooit zo heet gegeten wordt als ze opge
diend wordt. Uit een gesprek dat kortgeleden met rijkswaterstaat gevoerd is,
bleek dat de overdracht van de wegen voorlopig voor een periode van zon
vier jaar wordt uitgesteld, omdat het waarschijnlijk op dit moment finan
cieel niet haalbaar is. In de gesprekken met de gemeente Rauweraerhem zijn
inderdaad verwachtingen gewekt. Hoe hoog die gewaardeerd moeten worden is
niet duidelijk. Ook is er nog steeds overleg gaande tussen het ministerie
en de gemeente over de weg. Voordat de weg in het kader van het sanerings-
beleid overgedragen wordt, zal de raad uiteraard nog de gelegenheid krijgen
hierover zijn oordeel te geven.
Het lijkt spreker toe dat de ambtenaren hun tijd op dit moment beter kunnen
gebruiken dan naar Den Haag toe educatief op te treden, door de betreffende
griffier te laten weten dat Rauwerderhem niet meer bestaat. Hij is het wel
met de heer De Wolf eens dat die griffier dat wel zou moeten weten.
Punt_8; De hear Damsma konstatearret dat de moasje fan de P.v.d.A. oer it fytspaad
as in soarte fan boemerang wurke hat. It wie net rykswettersteat mar de
gemeente dy't net warber genôch west hat. Der wie gjin jildich bestimmings-
plan en dêrtroch koe rykswettersteat gjin grûn oankeapje.