- 3 -
Wethâlder Breeuwsma seit dat rykswettersteat al kontakt hân hat mei de
minsken dêr't grûn fan oankocht wurde moat. Der wurdt lykwols net earder
hannele as wannear't ryskwettersteat it jild beskikber hat foar de oan-
lis fan it fytspaad. Dat it planologysk noch net alhiel rûn wie hat net
folie ynfloed op dizze gong fan saken.
Punt 11: Mefrou Watzema fynt dat it wat fier giet om alle fergunnings foar twadde
wenten yn in doarp te wegerjen. It liket har better dat it fan gefal ta
gefal besjoen wurdt, om't der situaasjes binne wêryn ferkeapjen fan in
hûs foar bliuwende bewenning net mooglik is, mar as twadde wente wol. Oan
it earste punt oer it belied soe hja dan ek taheakje wolle "yn prinsipe"
De hear Van den Berg seit dat hy alhiel net foar twadde wenten yn in
doarp is en hy is it dêrom alhiel iens mei wat it kolleezje hjir mei-
dielt. It liket him goed ta dat dit opnommen wurdt yn de algemiene po-
lysje oardering, sadat der wat mear grün is om tsjin twadde wenten yn
de küm fan in doarp wat te dwaan. As it ek mar in bytsje iepen hâlden
wurdt, sa't mefrou Watzema dat útstelt, is it net sa dreech foar in fer-
keaper om syn hûs as twadde wente kwyt te reitsjen.
De hear Terra is it iens mei it belied sa't it kolleezje dat fiere sil.
Wethâlder Breeuwsma seit dat der yn in gebiet as dizze gemeente mei syn
rekréaasje goed om tocht wurde moat, dat der net tefolle twadde wenten
komme, want dan bliuwt der neat fan de doarpen oer. As men it ek mar in
lyts bytsje iepen lit, hat men yn de koartst mooglike tiid in hiele protte
twadde wenten yn de doarpen. Hy fynt dat it seis al foar it bûtengebiet
in behyplike situaasje is om dêr twadde wenten ta te stean.
Fierder is dit al yn de algemiene polysje oardering regele.
Mefrou Watzema bliuwt der by dat hja it wat al te radikaal fynt om gjin
mooglikheden foar de doarpen iepen te hâlden.
De hear Van den Berg freget hokker twangmiddels it kolleezje hat om de
twadde wenten yn de doarpen tsjin te gean.
Wethâlder Breeuwsma is der fan oertsjûge dat men in hurd belied yn dizzen
fiere moat om it hawwen fan twadde wenten yn goede banen te lieden.
Fierder seit sprekker dat as men wat tsjin in twadde wente begjinne wol
der earst konstatearre wurde moat dat dy wente ek sa brûkt wurdt. Dan
kin der proses makke wurde en de ofsier fan justysje moat dan de boete
oplizze.
De voorzitter zegt dat er nieuwe sancties in voorbereiding zijn. Het is
de bedoeling dat de gemeenten in de toekomst boetes op kunnen leggen en
innen zonder tussenkomst van de officier van justitie.
Punt_12: De hear Bethlehem seit dat de oanfreger yntusken al in ôfwizing hân hat
en al in beswierskrift yntsjinne hat. Dizze saak sil dus noch wolris by
de ried werom komme.
Punt 14: De voorzitter deelt mee dat in de raadsvergadering van 24 april j.1. van
de gemeente Leeuwarden is besloten om een krediet van 650.000,— be
schikbaar te stellen voor de aanleg van een fietspad Werpsterhoek-Goutum
In de voormalige gemeente Idaarderadeel is hier vaak over gepraat omdat
het voor de schoolgaande jeugd en degenen die voor hun werk naar Leeuwarden
fietsen van groot belang is.
Vervolgens worden de mededelingen voor kennisgeving aangenomen.