- 11 - geande jierren binne samar oan de kant lein. Ek it oerlis tusken gemeente en wenning- bouferiening rint net altyd sa't it einst wêze moatte soe en sprekker fynt it net goed dat de doarpen fan Boarnsterhim dat belije moatte. Hy freget oan wethâlder Breeuwsma oft der oan Warten tasein is dat der yn 1984 5 wenten boud wurde soene en dat der foar 1985 op 9 wenten rekkene wurde koe. De hear Damsma seit dat op grün fan de weryndielingswet tasizzings fan eardere gemeenten oergeane nei de nije gemeente. Hy konstatearret dat der oan Warten 14 wenningwetwenten tasein binne, mar dat hja no mar 5 krije. Oan Raard binne 10 wenten tawiisd en hja krije mar 4. Fierder is der ferline jier oan Poppenwier tasein dat it gat yn de buorren opfolle wurde soe. Sprekker fynt dat dizze list gearstald is út ferkearde gegevens en hy is it dêrom ek net mei dizze ferdieling iens. Wethâlder Breeuwsma seit dat it kolleezje ek fynt dat der oan tasizzings fêst- hâlden wurde moat. Mar om't it jier al sa fier ferrûn is kinne alle tasizzings dit jier net mear réalisearre wurde. Mei de wenningbouferiening is wiidweidich praat oer Warten en men is oerien kaam dat der dit jier (ek fanwege de tiid) 5 wenten boud wurde sille. Hoe't it fierder gean sil mei de bou yn Warten is noch net bekend. Dat sil yn it op te stellen doarpenplan behannele wurde. It is wol sa dat útstel yn gjin gefal ófstel betsjut. Wat de bou yn Raard oanbelanget seit sprekker dat de grün noch net oankocht is en ear't alles rûn is foar de bou is it te let yn it jier om noch te begjinnen mei it bouwen. Dêrom wurdt der yn Raard in jier wachte mei it bouwen, mar ek dit útstel hâldt gjin ôfstel yn. Foar Poppenwier jildt it selde. De hear Nieuwdam seit dat der yn it petear mei de foarsitter fan doarpsbelang Warten dúdlike tasizzings dien binne foar 1984 en 1985. Hy is fan betinken dat wethâlder Breeuwsma dat no wer wat weromdraait. Hy wol der jerne in dúdlik andert op hawwe fan de wethâlder. De hear Damsma seit dat èr syn stânpunt oangeande de bou yn Warten en Wergea hanthavent. Hy wol dêr seis wol in útstel fan meitsje om't dy 14 wenten oan Warten tasein binne en om't it neffens him ek noch wol mooglik is dy dêr te bouwen. Wethâlder Breeuwsma seit dat it net syn doel is om de tasizzings no werom te draaien. Der is oan doarpsbelang Warten tasein dat dy 14 wenten der komme sille, allinnich net yn ien jier mar yn twa jier en dat bliuwt ek sa. Fierder besiket it kolleezje ek alles te dwaan wat mooglik is. Het voorstel van de heer Damsma vindt onvoldoende steun om in stemming genomen te worden. Hierna wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel van het college besloten met dien verstande dat de fractie van de F.N.P. wordt geacht te hebben tegen gestemd. 19. Voorstel inzake wijziging verordening ligplaatsen (verhuur ligplaatsen in de Baai te Grouw) Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 20Voorstel tot het verlenen van een aanvullend extra krediet ten behoeve van de openbare school voor gewoon lager onderwijs "De Finne" te Wartena. Alsvoren.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 36