- 13 - wol iens mei de hear Van der Baan. Mar dêr stiet foar oer dat dizze ried mei útstellen oer it lykfoarmich meitsjen fan it hiele sportbarren komme moat. Dêr moat it nedige wurk foar dien wurde. As dy ried dat net dwaan soe, dan soe dat op it amtlik apparaat del komme. Dat kostet ek jild. Dat de opmerkings fan de twadde ôfdieling net werom te finen binne yn de oardering hat der mei te krijen dat dy opmerkings sa lyts wiene dat it kolleezje it net nedich fûn it stik (dat al klear wie) dêrfoar nochris te feroarjen, wêrtroch it neistjoerd wurde moatte soe. Oangeande it kiezen fan in foarsitter foar dizze ried, liket it sprekker ta dat dy ried dat seis wol beslute kin en it liket him goed ta dat de oardering ek yn dy sin oapast wurdt. Ek wat de fertsjintwurdigingen út de doarpen oangiet kin de sportried seis wol útsykje oft der mear minsken komme moatte. It tiidstip fan oerdragen fan foech hinget óf fan it tiidstip wêrop bepaalde dingen dúdlik binne sa as hokker foech der oerdroegen wurde moat. Fierder sille der betingsten komme moatte wêrop it foech oerdroegen wurde kin en oer dy be- tingsten sil ek adfys fan de sportried komme moatte. Fierder moat de sportried him dwaande hâlde mei tawizing fan subsydzjes. It is dus net te sizzen op hokker termyn dat oerdragen fan foech plak fine kin. De hear Van der Baan kin wol mei it útstel akkoart gean no't ar wit dat der in deistich bestjoer foarme wurdt. Dat wurket yn elts gefal wol better as sa'n hiele grutte groep. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten met dien verstande dat de verordening op het punt van het voorzitterschap nog wordt aan gepast zoals aangegeven door wethouder Van Gorkum. 23Voorstel tot delegatie van de bevoegdheid tot ingebruik'geving, verhuur of ver pachting van sportaccommodaties. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 24Voorstel tot het verlenen van een eenmalige bijdrage in de herstelkosten van het club- en kleedgebouw te Rauwerd. De hear Stallinga fynt dat as der sondearre is, dat dan de oannimmer in goed fundamint meitsje kin. Hy is dêrom fan betinken dat de oannimmer de skea her- stelle moat. Wethâlder Van Gorkum seit dat der hjir gjin oannimmer by belutsen west hat. De fundearrings/. binne útfierd troch de tsjinst gemeentewurken. Dêrom fielt it kolleezje him hjir wol by belutsen. Ut de sondearring die net bliken dat der in kâns op fersakjen bestie. De hear Stallinga fynt it mar in behyplike saak as men seis net iens mear der fan út gean kin dat as der sondearrings__ dien binne, dat men dan in goede fun- dearring lizze kin. Wethâlder Van Gorkum seit dat it net in rjochtstreeks ferwytber gefal is en dêrom ek fün it kolleezje dat dit fersyk honorearre wurde moast. De hear Damsma seit dat der boud is op in stik grûn dêr't foarhinne de Boarn yn de Middelsee útkaam. De ûndergrûn is dus net sa betrouber. Fierder hat de Stifting Sportbelangen Raard-Poppenwier dit yn eigen behear útfierd en sprekker freget him óf oft dy stifting bysteat wêze sil om de oerbleaune 22.500,= boppe wetter te krijen Wethâlder Van Gorkum seit dat der yn de begrutting noch romte sit om dit op te bringen. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 38