- 15 - De wurkgroep sa't dy koartlyn ynsteld is, is sprekker it ek wol mei iens, mar dy moat wol los sjoen wurde fan de gemeentelike kommisje sa't hy dy foar eagen hat. Wethâlder Van Gorkum seit dat it rekréaasjebasisplan hast rün is. Dat komt mei- koarten werom fan de Marrekrite en ek it TROP komt foar in réaksje by de gemeente. Op in fraach fan syn kant oan de Marrekrite om it rekréaasjebasisplan te fergelykjen mei it TROP wie de Marrekrite net sa happich op. Fierder wol sprekker net sa hastich wêze mei it ynstellen fan in oerlisorgaan troch de gemeente. Yn it foarste plak komme aanst earst de beide neamde plannen by de gemeente, wêrop wol goed rëagearre wurde moat. En njonken de ynstelde wurkgroep Alde Feanen-Prinsenhóf is der noch in apart oerlis tusken de wethâlders en ek de Marrekrite hat plannen foar in oare opset. It liket sprekker better dat dy ûnt- jouwing earst ris ôfwachte wurdt ear't der mar wer hastich in oerlisorgaan ynsteld wurdt De hear De Wolf tinkt dat as de ûntjouwingen by de Marrekrite ôfwachte wurde moatte it wolris lang duorje kin. Hy fynt dat de wetterrekréaasje te wichtich is om der sa lang mei te wachtsjen. Hy neamt derby gjin tiid, mar hy tinkt dat de wethâlder wol wat in te lege prioriteit takent oan dit barren, sjoen it karakter fan dizze gemeente. Zonder hoofdelijke stemming wordt vervolgens conform het voorstel besloten. Hierna schorst de voorzitter de vergadering voor een pauze. De voorzitter heropent de vergadering en stelt aan de orde punt: 26Voorstel tot het verlenen van medewerking aan de uitvoering van de ruilver kaveling "De Oude Jokse" Mevrouw Aukes zegt dat het college in het kader van de ruilverkaveling een aantal extra wensen kenbaar heeft gemaakt. Zij vraagt zich af in hoeverre hiervoor subsidiemogelijkheden zijn bij rijk of provincie. Verder heeft het college overleg gepleegd met de ruilverkavelingscommissie over de vraag of bepaalde werkzaamheden opgeschoven kunnen worden in de tijd. Zij denkt dat dat te maken heeft met het slechter worden van de financiële positie van de gemeente. Wel moet er voor gewaakt worden dat dit uitstel geen afstel wordt. Er moet tijdig geld gereserveerd worden om alle werkzaamheden te kunnen uitvoeren. De hear Bouma seit dat it hjir giet om de ekstra winsken sa't it kolleezje dy formulearre hat. Der fanút geande dat der wol earne noch jild beskikber is, riist de fraach wat dan de foarrang hawwe moat. Der kin tocht wurde oan it sânbêd foar in fytspaad by de Greate Kritewei lânsmar dan soe neffens sprekker ek oerwogen wurde moatte om fuort dat fytspaad oan te lizzen. Wat ek wol yn'e beneamming komme kin, is in fytspaad by de Wergeasterfeart lâns fanút Wergea oantc de Tútzebrêge. Yn it nije toeristyske plan fan de provinsje (it TROP) krije de rekréative fytspaden foarrang boppe de nuttige fytspaden. It liket him net fer- keard om oansluting te sykjen by de prioriteitstelling fan de provinsje. Der is ek wol wat foar te sizzen om de romtlike foarsjennings te treffen foar in fytspaad by de drokke Hoflânswei lâns. It fytspaad sil dan letter komme moatte, mar de mooglikheid is dan iepene. It liket sprekker ferstannich dat der no net fêstlein wurdt hokker wurk it earste útfierd wurde moat, mar it is better om earst te ûndersykjen hokker plan by de subsidiëarjende ynstânsjes de measte kâns fan slagjen hat. Wethâlder Van Gorkum seit dat de kansen om jild te krijen grutter binne as der om ien ding frege wurdt. Hoe mear plannen foarlein wurde hoe lytser de kâns op sub- sydzje, sa tinkt sprekker. Der is fan tefoaren ek net besjoen hoe't de kansen binne.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 40