yn de smaak by de befolking en it bestjoer fan Raarderhim. Sprekster
freget oft der yn Boarnsterhim al mei dit orgaan oer de Bûtlânswei praat
is, oars bliuwt dy kwestje lizzen.
Wethâlder Breeuwsma seit dat der op dit stuit noch gjin kontakt west
hat mei it Regionaal Orgaan oer dizze kwestje, mar it kolleezje fynt
dit wol in wichtige saak.
De foarsitter seit dat it net lizzen bliuwe sil, mar dat it kolleezje
mei koarten op dizze saak werom komme sil.
Punt 18: Mevrouw Aukes vraagt of het college bij de afhandeling van de genoemde
brief ook de suggesties die daarin staan, mee neemt en hoe het college
denkt deze brief af te handelen.
It liket de hear Damsma goed ta dat it kolleezje oer de problematyk rûn
de Parkstrjitte ris kontakt opnimt mei it Regionaal Orgaan foar de Fer-
kearsfeiligens, om't dit orgaan ek wol subsydzjes jout foar lytse pro-
jekten. Dat wurdt ek yn it brief oanjûn. Sprekker tinkt dat it goed
is dat it kolleezje it sa ôfwurket en dêrta it wurk oan dy hoeke
te'n earsten opskoot.
De foarsitter seit dat de tsjinst gemeentwurken oangeande de fragen oer
de Oostergoostrjitte in adfys útbringe sil. It kolleezje nimt dan in
beslút en as it nedich is, komt it dan by de ried werom. Oangeande de
Parkstrjitte fynt sprekker dat dy matearje sa wiidweidich al besprutsen
is, dat der no mar ris dien wurk makke wurde moat. It liket him dan ek
net goed dat dat no nochris opkeard wurdt. De suggestje om mei it Regio
naal Orgaan oer lytse projekten te praten, wol sprekker net fersmite,
mar hy kin net tasizze dat it foar de Parkstrjitte noch dien wurde kin.
Punt_24: Mefrou Bloem tinkt dat it in goede saak is om it materiaal fan de Anne
Frankstifting oan de skoallen ta te stjoeren dy't dêrfoar yn de beneaming
komme, om't it wichtich is dat der ek op de skoallen omtinken jûn wurdt
oan it faksisme.
De foarsitter seit dat der oan de skoallen berjocht dien wurde sil dat
dit materiaal der is en ek sil der oan de skoallen yn Idaarderadiel en
Raarderhim bekend makke wurde dat der yn Utingeradiel in fototentoan-
stelling oer de jierren '40-'45 is, dy't mei opsetten is troch de Anne
Frankstifting en dy't útliend wurde kin oan de skoallen.
Fierder binne der fan de V.V.D-fraksje noch in tal fragen binnenkommen oer it
A.B.O.P. en de soarch oangeande it iepenbier ûnderwiis. Dizze fragen wurde as
punt 23 oan de wurklist taheakke.
Vervolgens wordt er conform het voorstel besloten.
Mededelingen.
Punt 4: De hear Van den Berg is it iens mei it útstel fan it kolleezje. De sinten
dy't útjûn wurde moatte soene oan it feroarjen fan in nûmersysteem foar
lantearnepeallen kinne wol better brûkt wurde.
De hear Terra seit: It moat net mâlder, it moat net gekker!
De hear Damsma is it ek iens mei it útstel fan it kolleezje.
De hear De Wolf freget oft de finansiele regeling sa't it ryk dy heart