w Utstel ta it takennen fan subsydzje foar 2 leargongen Frysk fan de AFUK 1984. GEMEENTE BOARNSTERHIM Oan de gemeenterie. Grouw, 8 juny 1984. Op 28 novimber 1983 hat de doetiidske rie fan Utingeradiel de subsydzjelist 1984 fêststeld. Hjirby is doe besletten de AFUK gjin subsydzje te jaan foar in leargong Frysk. Fan dit beslút binne gjin beskikkings stjoerd nei de ynstellings. Dit is pas nei de weryndieling bart. Om krekt te wezen op 14 febrewaris 1984. Jimme sille begripe, dat de AFUK it hjir net mei iens wêze kin en ek beswier makket op 16 febrewaris 1984. Ut ûnderfining wist de AFUK dat de subsydzje-tasizzing altiten let wie, foar 1984 hiene se dan ek gjin noed. Op 25 april 1984 is de AFUK hearjf yn in spesiale gearkomste fan de beroppen- en beswierei^kommis jeIt proses hjirfan leit foar jimme by de stikken op besjen. De AROB-kommisje advisearret ús it beswierskrift grüne te ferklearjen. Wy binne it hjirmei iens en dogge jimme dan ek it útstel de subsydzje fan 808,75 foar de earste leargong, dy't op 11 febrewaris oanfrege is, jit ta te sizzen. It jild hjirfoar sil komme moatte út de post "unfoars joen" fan it wolwêzenswurk. Op 29 novimber 1983, dus nei it beslüt fan de rie fan Utingeradiel fan 28 novimber 1983, kaam de AFUK mei in nije oanfraach foar in leargong oan de amtners fan de gemeente. Dizze leargong kin, neffens ús, net stipe wurde mei it jild foar sosiaal-kultureel wurk. De AROB-kommisje docht it útstel it beswierskrift dat slacht ope twadde leargong net-grûne te ferklearjen. Dêrfoar is de kommisje fan betinken dat, ek al wie de AFUK tige hastich mei it begjinnen fan de twadde leargong sûnder in beslüt óf te wachtsjen en sadwaande tige ûnfoarsichtich west hat, dat de AFUK lykwols de subsydzje tasein wurde moat. Dit soe dan betellen wurde kinne út de begrut- tingspost "Studietoelagen en -kosten volgen van cursussen" Wy binne it hjirmei iens en dogge jimme dan ek it útstel om 808,75 stipe foar dizze twadde leargong te jaan. De ûntwerp-besluten lizze foar jimme by de stukken op besjen. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 70