- 5 -
De hear Damsma is it wol iens mei wat mefrou Watzema seit. Der moat earst düdlik-
heid komme oer de finansiële konsekwinsjesHy fynt dit beslútfoarming mei de
eagen ticht.
De hear Terra fynt dat der al sa lang praat is oer dizze saak, dat der no mar in
beslút nommen wurde moat. It liket him nei de oanbelangjende gearwurkingsferbannen
ta ek net earlik dat der sa lang wachte wurdt mei it nimmen fan in beslüt.
De hear Bouma seit dat der yndied al tige lang praat is oer de kar foar in gear
wurkingsf erbân. As in kar no noch langer útsteld wurdt, hâldt dat yn dat it in
protte jild kostet om't der neat ôfboud wurde kin. By de gearwurkingsferbannen
wit men ek net wêr't men, bgl. op personielsmêd, oan ta is. Fierder binne der
safolle gegevens al wol bekend, dat der perfoarst wol goed trochtocht in beslút
nommen wurde kin.
Wethâlder Breeuwsma seit dat it kolleezje nochris wize wol op de finansiële
konsekwinsjes dy't der fan komme sille. Einst soene dy der net wêze moatte, om't
de weryndieling fan heger hân oplein is, mar hy is der net gerest op.
De foarsitter seit dat it kolleezje in alternatyf útstel hat, dat hooplik oan de
winsken fan alle partijen temjitte komt, útsein de Súdwestlonk fan de hear Damsma.
It útstel wurdt dan: "Wij stellen u voor: I. toe te treden tot het samenwerkings
verband de Schoterwerven. II. te bepalen dat dit besluit niet eerder in werking
treedt dan nadat de Streekraad Schoterwerven bevredigend heeft gereageerd ten
aanzien van de punten genoemd onder b. en d." Hjir kin yn tredde rûnte wat fan
sein wurde.
De hear Bouma makket beswier tsjin dizze proseduere. Yn it reglemint fan oarder
stiet dat der yn twa rünten oer in ütstel praat wurdt en dat dan ek alle ynformaasje
op tafel komt. Fierder docht it alternative útstel fan it kolleezje net folie
rjocht oan it útstel fan de P.v.d.A. Dat ütstel wurdt dan ek hanthavene en sprekker
freget oft dêr dan ek oer stimd wurde kin.
Mevrouw Aukes zegt dat haar fractie niet tegen toetreding tot de Schoterwerven is.
Door aan het toetredingsbesluit toe te voegen "in principe", wordt een betere
onderhandelingspositie gewaarborgd. Verder is het niet mogelijk het eventuele
uittreedbedrag van de Regio Friesland-Noord met dat bedrag van de Schoterwerven
te vergelijken als die gegevens niet worden opgevraagd. Het is dan heel moeilijk
te beoordelen of die kosten dan wel of niet aan de hoge kant zijn.
Ook moet er volgens spreekster, aan de provincie gevraagd worden om in deze finan
ciële kwestie bij te springen. Dat kan gevraagd worden op grond van de Herindelings-
wet
De hear De Wolf is fan betinken dat dy üttredingskosten net by de gemeente mar by
de provinsje thüs hearre.
De foarsitter seit dat as der mooglikheden binne de kosten earne oars te ferheljen,
dat dat dan ek barre sil.
De hear Terra tinkt dat it neat ütmakket by hokker gearwurkingsferbân de gemeente
oansluting siket, dy üttredingskosten bliuwe der dochs.
De hear Nieuwdam seit dat de earste ôfdieling frij ienriedich wie oer de regiokar.
It liket him ta dat der net mear düdlikheid komme sil yn de gegevens dy't it
kolleezje no hat. De kar moat mar makke wurde. Hy freget him óf wêr't it wachtsjen
noch op is.
Hjirnei ferskoot de foarsitter de gearkomste foar in smookskoft.