- 14 -
projecten tegelijk het recreatiegebeuren daarin betrekt zodat voor dezelfde of
iets hogere kosten die beide zaken gecombineerd worden. Het gebeurt helaas nog
maar al te vaak dat er twee keer gewerkt moet worden op dezelfde plaats.
De hear Damsma is fan betinken dat men te let is mei dizze réaksje om't de yn-
spraak rünte al sluten is. Hy freget him óf wat de ynfloed dan noch wêze kin.
Hy kin him foar it grutste part wol fine yn wat de hear De Wolf sein hat, mar
der moat net allinnich nei de Alde Feanen sjoen wurde, mar ek nei de oare
(wettergebieten yn de gemeente.
De hear Bouma kin him wol fine yn it stânpunt fan it kolleezje. Hy hopet dat dizze
réaksje ynfloed hawwe sil op it belied fan de provinsje. Dit plan is it safolste
plan dêr't de provinsje mei komt. Dêrom moat de measte klam der op lein wurde dat
der no einlings ris yntegraal it hiele rekréaasje barren besjoen wurde moat en
net hyltyd lytse hoekjes en bytsjes. Dat wurdt neffens sprekker terjochte as earste
punt neamd. In fraach hjirby is ek oft men mei allegear lytsskalige projekten
komme moat. Dat it kolleezje dat net dien hat liket sprekker goed ta, om't as it
provinsjale belied mei de oanbrochte wizigingen fêststeld is, dêrüt fansels wol
bliken docht hokker projekten binnen dat ramt te réalisearjen binne.
Dat de wetters op djipte halden wurde moatte fynt sprekker logysk.
Dat Boarnsterhim yn it plan net sa faak foar komt, hat der neffens him ek mei te
krijen dat de klam lein is op nije foarsjenningsHy is fan betinken dat it útgongs-
punt it ferbetterjen fan de besteande foarsjennings wêze moat.
Fierders moat der yn stee fan ien grutte minwaar foarsjenning, op alle plakken
dêr't toeristen binne, minwaar foarsjennings komme. Sprekker is it der dêrom mei
iens dat der foar pleite wurdt om de minwaar foarsjennings te désintralisearjen.
Lykwols bringt it kolleezje ek nei foaren dat der mooglikheden makke wurde moatte
om de toeristen by minwaar nei in grutskalige minwaar foarsjenning te bringen dy't
fierder fuort is. Dy beide dingen lykje him meilnoar yn tsjinspraak.
De hear Bethlehem merkt op dat de hear De Wolf praat hat oer it berikken fan in
wurkleazenspersintaazje fan 30. Mei it hjoeddeiske regearingsbelied dat de stipe
hat fan de V.V.D., sil dat neffens him ek wol berikt wurde.
Wethâlder Van Gorkum merkt nei oanleiding fan de útspraak fan de hear Bethlehem
op dat it gemeentebestjoer besykje sil it wurkleazenspersintaazje sa leech moog-
lik te hâlden. It T.R.O.P. kin, as it goedkard is, ek brükt wurde foar it skeppen
fan in stikje wurkgelegenheid.
Wat wol in neidiel fan provinsjale plannen wêze kin, is neffens sprekker, dat it nei
it fêststellen fan in plan meastentiids net mear mooglik is in gemeentlik plan
dat in bytsje ôfwykt fan dat plan, goedkard te krijen. Dêrom ek hat it kolleezje
him beheind ta it fêstlizzen fan haaddoelstellingsDer kin wol in list fan pro
jekten opjûn wurde, mar men ferjit grif wat en dat kin dan letter net mear feroare
wurde. Mei it fêstlizzen fan doelstellings kin der jierliks besjoen wurde hokker
plannen útfierd wurde kinne. De gemeenten moatte dan seis de projekten nei foaren
bringe. Yn oerlis moat der dan foar dy projekten keazen wurde wêrtroch knelpunten
oplost wurde.
De hear Terra hie it oer in algemien T.R.O.P., mar yn syn fierdere ferhaal
rjochtet hy him hielendal op de wetterrekréaasjeDer moat wol betrocht wurde
dat Fryslân ek bosken en dunen hat.
Fierder hat it kolleezje ek dúdlik makke dat it net allinnich by it meitsjen fan
plannen bliuwe moat. De plannen moatte op in rychje set wurde en der moatte
prioriteiten steld wurde. Dat de Fryske mienskip troch de rekréaasje mear wurk
krije kin is it kolleezje it mei iens. Boarnsterhim wurdt yn it plan einst net
neamd. Dêr is ek in opmerking oer makke yn de réaksje fan it kolleezje en dêrnei
is der oergien ta it kenber meitsjen fan de winsken.
Meikoarten_ sil der ündersocht wurde oft der in plan makke wurde kin foar
it behearen fan de gemeentlike oeversDêryn sil dan beskreaun wurde wat de
natuerlike en rekréative wearden binne en wat der yn de takomst mei dien wurde