- 15 -
moat. Nei oare organisaajes ta kin mei sa'n plan de eigen fyzje dúdlik makke wurde.
De tiid om te réagearjen op it T.R.O.P. is wol foarby, mar sprekker tinkt dat men
by de provinsje dochs net om dizze taheaksels by de earste réaksje hinne gean sil.
De hear Bouma freget ferdúdliking fan it stânpunt oer de minwaar foarsjennings.
It kolleezje is fan betinken dat mei rünom lytsskalige minwaar foarsjennings, net
alle toeristen opheind wurde kinne. De gruttere minwaar foarsjenning en de lytsere
foarsjennings moatte as in oanfolling op inoar fungearje. By min waar kin de wetter-
rekréant dan ris nei de bosk en by moai waar kin de boskrekréant nei it wetter.
Der is ek allinnich noch mar frege om dizze mooglikheid ris te ûndersykjen.
Fierder is der fanút de ôfdieling it fersyk kaam om de réaksje oan te foljen by
it punt dêr't sein wurdt dat der tefolle foarby gien wurdt oan de optimalisearring
fan de mooglikheden foar deirekréaasje. Dêr soe fan makke wurde moatte: dei- en
ferbliuwsrekréaasjeEk soe de sin:"Voor het behoud van een concurrerende positie
skrast wurde moatte, om't dat tefolle betizing jout.
Sprekker stelt dêrom út it kolleezje-útstel oan te passen op dy punten sa't hy
krekt neamd hat. Fierder soe der opnommen wurde moatte dat as D.S. fan doel binne
it Streekplan te wizigjen dat der fanút dizze gemeente de fraach komt om dat dan
ek yndied te dwaan. Ek soe noch opnommen wurde moatte, dat as de suggestje om
fan it T.R.O.P. in plan te meitsjen dat de algemiene rigels oanjout, net folge
wurdt, dat dan foar Boarnsterhim yn it ramt fan de út te fieren projekten de folg-
jende list opnommen wurdt. Op dizze wize wurdt Boarnsterhim altyd neamd yn it T.R.O.P.
Oangeande de feroaring fan it Streekplan, ek mei yn ferbân mei de beperkingen rûn
it Prinses Margrietkanaal, soe de folgjende opmerking opnommen wurde moatte: as
bepaalde plannen rünt it Prinses Margrietkanaal net trochgean kinne om't dy fanwege
de distânsje ta dat kanaal yn striid binne mei it Streekplan, dat dan de gemeente
mei de fraach komt om it Streekplan op dit punt oan te passen.
De heer De Wolf is heel tevreden over de reactie van het college. Hij heeft nog
wel het verzoek om in punt één achter "behoud en aanleg van natuurlijke en waarde
volle en recreatief vriendelijke oevers" toe te voegen "en vaarmogelijkheden"
omdat er ook behoefte is aan behoud en verbetering van de vaarmogelijkheden.
Hij wil het college nog een pluim geven voor het feit dat hij de dreiging van een
milieu-onvriendelijke walbeschoeiing in de Folkertssleat heeft weten af te wenden
zonder daarvoor over specifieke machtsmiddelen te beschikken.
De hear Terra seit dat it syn doel net wie om de lânrekréaasje hielendal te fer-
jitten. Hy hat dat ek wol neamd, mar hiel koart. Dat komt om't hy mear in wetter-
man is en dêr mear ferstân fan hat. Fierder is hy fan betinken dat de provinsje
in algemien plan opstelle moat, dêr't de gemeenten op réagearje kinne.
De hear Damsma wol noch witte oft de réaksje fan it kolleezje ek yndied meinommen
wurdt yn dit plan. Fierder is it Farwegenplan fan de provinsje ek noch net fêst-
steld. It liket him ta dat de réaksje op it Farwegenplan net alhiel oerienkomti
mei de réaksje sa't dy no op it T.R.O.P. jûn wurdt.
Wethâlder Van Gorkum seit dat hy fansels net oan de provinsje opdrage kin om de
réaksje mei te nimmen. Lykwols is hy fan betinken dat ek dêr besocht wurdt de
saken op demokratyske wize óf te hanneljen.
Op de fraach fan de hear De Wolf om noch de farmooglikheden oan de troch him neamde
sin ta te foegjen, seit sprekker dat dat stikje tekst benammen oer de wâlen giet.
It liket him better ta dat de farmooglikheden yn in apart stikje yn de tekst op
nommen wurde
Fierder hat de provinsje njonken it Farwegenplan noch mear plannen op rekréatyf
gebiet, dêr't op'en doer ien algemien belied út fuort komme moat. Salang der hyltyd
'losse' plannen komme, sil it kolleezje dêr hyltyd in réaksje op jaan.
Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten met
dien verstande dat de toegezegde wijzigingen in de reactie worden opgenomen.