4. Utstel om in stânpunt yn te nim-
men oer it Einrapport Frysk yn
it offisjele ferkear "Fan Geunst
Nei Rjocht".
GEMEENTE BOARNSTERHIM
Oan de gemeenteried
Grou, 7 septimber 1984.
1Ynlieding.
By brief fan 4 maaie 1984 hawwe Deputearre Steaten fan Fryslân
ús gemeente it Einrapport Frysk yn it offisjele ferkear foar
advys oanbean. Dit rapport is ûnder de titel "Fan Geunst Nei
Rjocht" yn desimber 1983 útkomd en jout in antwurd op de fraach
hoe11 it belied oangeande it brûken fan it Frysk yn it offisjele
ferkear der útsjen moat. Deputearre Steaten binne it iens mei
de konklúzjes fan it einrapport, útsein mei it advys oer it
feroarjen fan de provinsjenamme yn "Fryslân". De provinsjenamme
soe neffens Deputearre Steaten "Friesland" bliuwe moatte.
It stânpunt fan Deputearre Steaten is in foarriedich stânpunt.
Foart it provinsiaal bestjoer as primer ferantwurdelike oerheid
in definityf stânpunt ynnimt, wurde de gemeentebestjoeren,
as mei—ferantwurdlike oerheid, yn de gelegenheid steld harren
miening nei foaren te bringen.
Wy stelle dat tige op priis en wolle graach gebrûk meitsje
fan dizze mooglikheid.
Wy sille dit dwaan troch yn it foarste plak ús miening te jaan
oer it rapport seis, en de haadlinen fan it belied, dat neffens
it rapport fierd wurde moat. Dêrnei sille wy yngean op de fragen
dêr't Deputearre Steaten yn alle gefallen antwurd op hawwe
wolle. Foart wy der lykwols oan takomme, wolle wy earst koart
gearfetsje de réaksjes fan de gemeenterieden fan Idaarderadiel
Raarderhim en Utingeradiel op it yn 1978 ferskynde Tuskenrapport
Frysk yn it offisjele ferkear, dêr't in earste oanset ta belied
yn dellein is.
2. Réaksjes fan Idaarderadiel Raarderhim en Utingeradiel op it
Tuskenrapport
Idaarderadiel^
"—Het is niet wenselijk en ook niet mogelijk in de stukken van
de gemeente uitsluitend de Friese taal te gebruiken. De Nederlandse
taal wordt door de gehele bevolking van Friesland beheerst,
zodat het uit een oogpunt van algemene toegankelijkheid van
de stukken gewenst is deze in het Nederlands te redigeren.
Het uitgangspunt, dat iedereen in Friesland de beide talen
verstaat en leest, is overtrokken.Ook uit een oogpunt van rechtsbe
scherming zijn eentalig Friese stukken niet wenselijk.