- 4 - Om't eltsenien yn Fryslân achte wurdt it Nederlânsk te ferstean, kieze wy foar it bruken fan dizze taal by it opmeitsjen fan algemien ferbinende regels, it publisearjenfan wetlik foarskreaune iepenbiere meidielings, ensfh. By yndividuele beskikkings kin it Frysk en it Nederlânsk brükt wurde, om't de taalkar dan op de persoan ôfstimd wurde kin. Wat it opmeitsjen fan oersettings oanbelanget binne wy it mei it rapport iens, dat der oer it generaal nei twa jier wenjen yn Fryslân net mear oan begün wurde moat. Utsûnderings binne lykwols net útsluten. c. Utgongspunten by de produksje_fan_oerheidsstikken. Wy kinne ús fine yn de fiif útgongspunten fan de wurkgroep (frijheid fan taalkar, folgjend taalgedrach, bestimming, rjochts- beskerming en kontinuïteit)Op it punt fan de bestimming wolle wy noch wat fierder gean as it einrapport, ntl. dat ek oan partikulieren yn Fryslan fan wa't fierder neat bekend is, Frysk skreaun wurde mei. Dizze útwreiding kin wer beheind wur de troch it foargeande begjinsel fan de rjochtsbeskerming. Sa't wy Onder b al oanhellen, binne wy it op dit punt net alhiel iens mei it einrapport. As in dokumint rjochtsgefolgen hawwe kin foar in yndividu en der is neat bekend oer de taalsi— tuaasje fan de persoan dy't oanskreaun wurde moat, dan fine wy dat it Nederlânsk brûkt wurde moat. Wy binne derby wol fan betinken, dat net te gau oannommen wurde moat dat dokuminten rjochtsgefolgen hawwe kinne. Wy wolle de ientalich Nederlanske stikken beheine ta de algemien ferbinende regels, ^de wetlik foarskreaune publikaasjes, de fergunnings en de Ontheffings (de léste beide meie ek yn it Frysk, as bekend is dat de untfanger Fr.ysktalich is). Wy binne it iens mei de gedachte fan it einrapport, dat in beliedsplan opsteld wurde kin troch de gemeenten. It is gjin ferplichtingmar om't it mear dúdlikheid jaan kin oer it taalbelied fan de gemeente binne wy wol fan doel in sadanich plan op te stellen en oan jimme foar te lizzen. d. Finansjele aspekten/personielsbelied. Wy fine dat der in subsydzjeregeling komme moat foar gemeenten dy't oergeane ta it brüken fan (mear) Frysk yn it bestjoerlik ferkear. As it jild net út Den Haach komt, binne wy fan betinken dat it provinsjaal bestjoer te Ljouwert hjirta jildmiddels frijmeitsje moat. Hoet sa'n subsydzjeregeling der ^útsjen moat, witte wy op dit stuit sa net, mar dat kin neier utwurke wurde. Wy fine dat yn alle gefallen yn de kosten fan it meitsjen fan in beliedsplan bydroegen wurde moat en fierder dat yn in oergongsfaze in subsydzje beskikber steld wurde moat foar it yn tsjinst nimmen fan in oersetter. Wy fine fierders dat de gemeente seis stean moat foar it befoar- derjen fan de kennis fan it Frysk yn it amtlik apparaat.^ De foarming en oplieding is tige wichtich. Wy sil^e der op oantrunje dat safolle mooglik amtners de Fryske taalkursussen folgje. By it beneamingsbeslút sille wy yn guon situaasjes it as in pree beskôgje, as in te beneamen kandidaat it Frysk behearsket (mûnling of skriftlik), ôfhinklik fan de situaasje.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 27