- 5 - wurde. Hy hat de yndruk dat by guon minsken dat idee bestiet. It is lykwols sa dat de ynformaasje oan en fan ôfdielingsleden ynfloed hawwe kin op de út- stellen foar de riedsgearkomsten. De hear Van der Baan hat merkbiten dat dat yndied de gong fan saken is. De besluten wurde yn de ried nommen. Lykwols moat men dochs hoeden bliuwe. De voorzitter antwoordt dat de discussie nu over het functioneren van de afdelingen gaat, terwijl dat niet aan de orde is. Hij zegt ook dat het streven er op ge richt is de leden van te voren zo goed mogelijk te informeren, maar er kunnen wel eens zaken aan de orde komen, waarbij dat niet gelukt is. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 9. Voorstel tot het namen van drie voorbereidingsbesluiten als bedoeld in artikel 21 van de Wet op de Ruimtelijke Ordening. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 10. Voorstel tot vaststelling van het bestemmingsplan fietspad Irnsum-Akkrum. De hear De Wolf seit dat eltsenien graach dat fytspaad der sa gau mooglik hawwe wol. Dochs hat hy noch in pear krityske kanttekeningen by it foarlizzende bestim- mingsplan. Yn it foarste plak is dit plan tige rom opset. Dêrtroch moat der in protte grûn oankocht wurde en giet der foar de lânbou flink wat grûn ferlern. Hy freget him ek óf wat de redenen binnen om it fytspaad net oan de eastkant oan te lizze. Neffens him wurde dêr minder belangen skeind. Lykwols leit der in plan foar de oare kant fan de dyk. It giet hjir allinnich mar om it oanwizen fan in stuk grûn, dêr't in fytspaad komme mei. De tekeningen dy't by de plannen binne, binne net billend. Rykswettersteat hat oan't no ta noch gjin kontakt hân mei de minsken dy't oan it fytspaad komme te wenjen. As dat al bard wie, hie miskien te foaren kommen wurde kinnen dat dy belanghawwenden harren beswieren no kenber meitsje, wat fierders harren goed rjocht is. Sprekker fynt de beswieren fan de hear Rotteveel wol terjochte. It liket him goed dat der op dat plak besocht wurdt it fytspaad sa ticht mooglik by de autodyk lâns rinne te litten, mooglik mei in kearing as skieding. Wat de beswieren fan de hearen Smit, Van Balen en Van Slooten oanbelanget, seit hy dat it net mooglik is om oan de hân fan de tekeningen yn te skatten hoe grut de lûdsoerlêst wêze sil. It liket him goed ta dat der sa gau mooglik mei dizze minsken oerlis komt en dat hja ek dúdlik witte wat de plannen binne, om't oars de mooglikheid bestiet dat hja by Deputearre Steaten yn berop geane en op dy wize de oanlis fan it fytspaad dochs noch in skoft ophâlden wurdt. De hear Terra seit dat syn fraksje ek bliid is mei dit plan en dat hja dit bestimmingsplan net tsjin hâlde sille. Wat wol in beswier is, is dat de belang hawwenden net of benei net yn de plannen kend binne troch rykswettersteat. It liket him terjochte dat it kolleezje rykswettersteat dêr op wiist. De ferkearsfeiligens wurdt ek net grutter as it plan útfierd wurdt sa't it foar- leit. Fuort ûnderoan de brêge binne trije útritten pland yn in bocht, dus net goed te sjen. As it fytsferkear dan ek noch fan de dyk óf is, sil de faasje fan de auto's ek ta nimme en dêrtroch sil de dyk noch ûnfeiliger wurde. Hjir moat nochris oerlis oer komme mei rykswettersteat om der in oare oplossing foar te finen. Mefrou A. Zijlstra seit dat har net rjocht dúdlik is, hoe't de situaasje wurdt, as men út Akkrum komt en dan it fytspaad op moat. Op de tekeningen stiet net dúdlik oanjûn hoe't dy oansluting wurdt. Yn Jirnsum hat al wol oerlis west mei de minsken oer de oansluting fan it fyts paad, mar de tekeningen dy't dêrby hearre wiene by de stikken net te finen. Ek dêr wurdt in protte romte yn beslach naam troch it fytspaad. Dat is benammen op

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 10