- 8 - ôfwikkeling fan dizze saak komme sil. Ek liket it him goed ta dat it kolleezje in ynventarisaasje makket fan bousels dy't sünder fergunning of mei in tydlike fergunning pleatst binne en hy wol dan jerne witte wat it kolleezje fan doel is dêr oan te dwaan. De hear Stallinga fynt dat de hear De Wolf wol famylje wêze koe fan Betje Wolff fanwege syn poëtyske beskriuwing fan de nissenhut. Hy is it iens mei it útstel fan it kolleezje. In nissenhut is moai as der hastich wurk dien wurde moat, mar it mei net in bliuwend bousel wurde. Fierder hat sprekker der alle betrouwen yn dat dizze saak op in goede manear ôfhannele wurdt. De hear Damsma is it iens mei wat de hear De Wolf sein hat. Hy freget him óf oft der al oerlis west hat mei Elzinga B.V. oer de ôfbraak fan de nissenhut. Fierder betanket hy de foarsitter foar it tastjoeren fan juridyske stikken oer de skientmekommisje, mar bliuwt hy fan betinken dat de skientmekommisje in adfyskommisje is en dat de adfizen net binend binne. Sprekker fynt dat it bedriuw dêr't it hjir oer giet net yn syn ûntjouwing behin- dere wurde mei, ek al is dy nissenhut der dan earst sünder fergunning delset. Wethâlder Breeuwsma is it net alhiel mei de hear De Wolf iens dat grutte yn- stânsjes mear tastien wêze soe as lytse bedriuwen. Fierder hat de hear De Wolf him net mei syn hiele rigele arguminten oertsjûgje kinnen dat dy loads hanthavene wurde moat. Der stiet ek útdruklik yn it útstel dat it kolleezje oerlis hawwe wol mei Elzinga om't der op 3 juny 1983 al in boufergunning oanfrege is. Dêrom moat dizze saak op in goede manear ôfhannele wurde. It idee fan de hear Nieuwdam om ris op in rychje te setten wat der yn de ferskate gemeenten oan bousels is, liket him net sa raar ta. De heer De Wolf houdt vast aan zijn zienswijze dat voor deze nissenhut wel een bouwvergunning verleend zou moeten worden, gezien de bijzondere omstandigheden. Hoewel hij er altijd voor is dat het college met betrokkenen overleg pleegt, ziet hij dat dat in dit geval alleen maar leiden zal tot afbraak van het bouwwerk. Dat is natuurlijk niet de bedoeling van de aanvrager. Uit het antwoord van de wet houder is ook niet gebleken dat er uit dat overleg eventueel een andere oplossing zoals een tijdelijke vergunning, naar voren kan komen. Zolang dat niet het geval is, ziet spreker geen aanleiding om zijn standpunt te wijzigen. De hear Damsma konstatearret dat der noch gjin oerlis west hat tusken it kolleezje en Elzinga B.V. Hy is it dêrom fan betinken dat salang der gjin oerlis west hat, it net goed is om ta de ôfbraak fan de nissenhut te besluten. De hear Nieuwdam seit dat hy mei syn fraach oer de ynventarisaasje benammen tocht oan bousels dêr't gjin of in tydlike fergunning foar is. Wethâlder Breeuwsma seit dat it oerlis fan it kolleezje yndied rjochte wêze sil op de ófbraak fan de nissenhut, en dan benammen oer de termyn wêrop dat plak fine kin. Hy seit fierder dat der aanst yndied ris op in rychje set wurde moat foar hokker bousels wol of net in boufergunning ófjün is. Vervolgens wordt tot stemming overgegaan. Het voorstel van het college om het beroepschrift ongegrond te verklaren, wordt aangenomen met 11 stemmen voor en 6 stemmen tegen. De tegenstemmen waren van de dames Aukes en Watzema en de heren Van der Baan, Damsma, Terra en De Wolf. 12Voorstel met betrekking tot de beslissing op de beroepschriften van de heren H.W. Bierma en P. Brandenburg te Akkrum tegen besluiten tot weigering van bouw vergunningen Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 13