w 26. Utstel om in ekstra kredyt beskikber te stellen foar it oanskaften fan in stinselmasine en in naaimasine. GEMEENTE BOARNSTERHIM Oan de gemeenteried. Grou, 9 novimber 198U. Fan it skoallehaad fan de iepenbiere legere skoalle te Reduzum hawe wy it fersyk ûntfongen om in ekstra kredyt beskikber te stellen foar it oanskaffen fan in kopiearmasine en in offset-printer. Dêrnjonken wol de hear Renia de elektryske naaimasine oanskaffe, dy't him foarich jier tasein is. De folsleine kosten fan de kopiearmasine en de offset-printer binne rust op 15.000,Om't de offset-printer net ta de norm-ynrjochting rekkene wurdt troch it Ryk, binne wy fan miening, dat wy it fersyk om in offset-printer oan te skaffen ofwize moatte. Wat de kopiearmasine oanbelangetwurdt der troch de ynspekteur fan it leger en beuker ünderwiis op wiist, dat der by de normynrjochting foar fermannichfâldigingsapparatuer fan utgien wurdt dat der in stinselmasine en in ynbrânapparaat oanwêzich is. Sa net, dan kin der yn begjinsel in kar makke wurde tusken beide hjirfoar neamde appara ten en in kopiearapparaat Op dit stuit is der in ôftaaster/ynbrânapparaat op de iepenbiere legere skoalle oanwêzich. Dit apparaat is oanskaft yn 1982 út eigen middels. Mei út in eachpunt fan besúniging binne wy fan miening dat wy de iepenbiere legere skoalle temjitte komme kinne troch in kredyt beskikber te stellen fan 2.000,Dit binne de kosten, dy't rust wurde om in stinselmasine oan te túgjen. Yn syn advys giet de ynspek teur hjir mei akkoartom't it giet om de earste oanskaf fan in stinselmasine, om't it apparaat dat hjoed-de-dei brukt wurdt yn it ferline betelle is út eigen middels Wat de elektryske naaimasine. oanbelangetis de hear Renia yn 1983 tasein dat foar de oanskaf hjirfan rekken halden wurde soe mei it gearstallen fan de begrutting. Foar safier wy neigean kinne, is dit lykwols net bard. De kosten fan it oanskaffen fan in elektryske naai masine wurde roaid op i+50, Gearfetsjend stelle wy jimme ried út foar "De Trije Doarpenskoalle" te Reduzum in ekstra kredyt beskikber te stellen fan folslein 2.k50, foar in stinselmasine fan 2.000,en in naaimasine fan U50, alles eksklusief b.t.w. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 66