- 3 - Syn partij slút nét it ûndersyk nei kearnenerzjy út, mar wól it brûken fan kearn- enerzjy. It liket him net goed om no nochris wiidweidich op de ynhâld fan it brief yn te gean. De riedsleden hawwe genôch tiid hân om yn it foar harren opmerkings oer dat brief troch te jaan oan syn fraksjegenoaten. Wat de kosten fan kearnenerzjy oanbelanget, is sprekker it mei wethâlder Poppen iens dat net de goede sifers hantearre wurde. As dat wol it gefal wie dan soe bliken dwaan dat kearnenerzjy in tige djoere foarm fan enerzjy is. Mevrouw Aukes zegt dat er over de diverse punten uitgebreide discussies gehouden kunnen worden, maar dat lijkt haar in deze zaal niet op zijn plaats. Wel wil zij nogmaals benadrukken dat als, deze brief verzonden wordt, haar fractie wordt geacht daar tegen te zijn. De voorzitter schorst vervolgens de vergadering om 20.00 uur om de partijen de gelegenheid te geven hun ideëen over de brief op elkaar af te stemmen. De voorzitter heropent om 20.05 uur de vergadering en geeft het woord aan de heer Van den Berg. De hear Van den Berg seit dat nei oerlis de fraksje fan it C.D.A. wol mei gean kin yn de redaksje fan it brief. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming besloten om de brief van de P.v.d.A. te versturen, met inachtneming van het feit dat de V.V.D.-fractie wordt geacht tegen het verzenden van deze brief te zijn. Punt 7: De hear Bouma seit dat de faasje wêrmei dizze kwestje ôfhannele wurdt, him wol oanstiet, mar de ynhâld fan de ôfhanneling net alhiel. It kolleezje jout oan wêrom der op it frege plak gjin boarterstún foar bern komme kin. It kolleezje jout ek oan wêr't wol mooglikheden binne, en as men dan tinkt dat der oer trochpraat wurdt, dan hâldt it op. It liket sprekker net goed dat inisiativen út de befolking op dizze wize ôfdien wurde. Der moat mei de inisiatyf- nimmers praat wurde oer de oare mooglikheden en hja moatte dan safolle mooglik stipe fan it kolleezje krije by de ynrjochting. De hear Stallinga is it mei de hear Bouma iens dat dit net de juste wize fan öfhanneljen is. It liket him ek ta dat it kolleezje mei in neiere útwurking fan it terrein oan de Hoxma komme moat. Ek moat der dúdlik oanjûn wurde wat no krekt de beswieren binne tsjin in boartersplak oan de Ekemahôf. De hear Van der Baan tinkt dat it plan foar de Ekemahôf net fuort om bestimmings- planredenen oan de kant set wurde hoecht. It hoecht net in grutte boarterstún te wurden, mar neffens him, binne de aksjefierders ek wol tefreden mei in tydlik plan. Dan soe dêr wat ark delset wurde kinne, oant der yndied op dy grûn boud wurde sil. Hy freget him óf oft dat net ris neier besjoen wurde kin. Wethâlder Breeuwsma sjocht der net safolle yn om tydlik in boartersplak yn te rjochtsjen op in terrein dat ornearre is foar wentebou. As dat ien kear sa is dan jout dat nei ferrin fan tiid dochs ferplichtings en dat liket him net goed. It liket him wol goed dat der besjoen wurdt wat der mei it terrein oan de Hoxma dien wurde kin, mar dêrfoar ferwiist hy troch nei wethâlder Van Gorkum. Wethâlder Van Gorkum seit dat it net it doel wie dat it kolleezje him der sa ófmeitsje soe. Der sil kontakt opnommen wurde mei de inisiatyfnimmers en de om- wen jenden oer it terrein oan de Hoxma. Dêr is yn it ferline lykwols al earder praat oer it ynrjochtsjen fan in boartersplak, mar dêr is doe frij negatyf op reagearre. Wat him wat fernuveret is, dat de minsken dy't doe negatyf stiene tsjinoer dat plak, no wol posityf tinke oer de lokaasje Ekemahóf

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 8