- 4 - is elkaar te overtuigen van gelijk of ongelijk. Het lijkt hem daarom beter dat er een korte tweede ronde gehouden wordt en dat daarna tot stemming wordt overgegaan. De hear Van den Berg fynt de wize wêrop de foarsitter dit besjocht - bekende stânpunten - wat spitich. It giet hjir om in hiele oare ynfalshoeke, ntl. it freegjen oan in ûnôfhinklik rjochter om oer dizze saak in útspraak te dwaan. It liket him eins ta dat eltsenien sizze moatte soe dat it in goede saak is dat no in ûnôfhinklike ynstânsje in útspraak docht oer wa't wol en net gelyk hat. Fierder is dizze ried in fertsjintwurdiging fan alle ynwenners fan Boarnsterhim. Mevrouw Aukes zegt dat zij niemand het recht wil bestrijden om een rechtzaak tegen de staat aan te gaan. Vervolgens wordt tot stemming overgegaan. Het voorstel van de P.v.d.A. om aan een proefproces tegen de staat over de plaatsing van kernwapens, mee te doen wordt aangenomen met 11 stemmen voor en 6 stemmen tegen. De tegenstemmen waren van de dames Aukes en Watzema en de heren Van der Baan, Breeuwsma, Damsma en De Wolf. Ten aanzien van de overige ingekomen stukken wordt conform het voorstel besloten. 3Mededelingen Punt 2: Nei oanlieding fan dizze meidieling seit de hear Van den Berg dat syn fraksje fan betinken is dat as it oanslútpunt fan de troch te lûken dyk fanôf Snitserhoeke op Rykswei 32 wat nei it suden ferskood wurdt en de oansluting fanút Grou op de rykswei wat ferlein wurdt nei it noarden der net ticht nei elkoar twa krusingen ûntsteane en dat it gefaarlike krúspunt by Grou feroare wurde kin. Der soe foar it ferkear nei it stasjon en Jirnsum in tunnel komme kinne. Dit plan kin miskien yn oerlis mei rykswettersteat en de ruilferkavelingskommisje oanpakt wurde. De hear Damsma freget him óf wat der krekt ferstien wurdt ûnder de "middellange tot lange termijn". Fierder fynt hy dat der yn de Ljouwerter Krante ferkearde ynformaasje jün wurdt as dêr stiet dat Damsma de finansiering fan de rûnwei om Jirnsum al rün hie. Wol hat hy yn syn testamint as wethâlder fan Raarderhim oanjün op hokker plakken men wêze moatte soe foar subsydzjes ensfh. Hy tinkt dat as it gemeentebestjoer dy wei folge hie, de saak fierder west hie as hjoeddedei it gefal is. De hear De Wolf fynt it idee fan de hear Van den Berg in goed plan. Hy is lykwols bang dat as dit by rykswettersteat yntsjinne wurdt, it wolris in jier as tsien duorje kin ear't der wat út komt. Dat kin betsjutte dat dêrmei ek de ruilferka- veling ferlette wurdt en dat liket him net goed ta. Hy stelt dêrom út om it plan fan de hear Van den Berg earst yntern goed te besjen en troch te praten foardat dêrmei nei büten gien wurdt. Oangeande de râne/rûnwei om Jirnsum liket it sprekker goed ta alles nochris op in rychje te setten en te besjen wat der noch mooglik is. Dat kin miskien ek betsjutte dat der op'e nij in stânpunt ynnommen wurde moat. De hear Terra kin sa net goed oersjen wat it plan fan de hear Van den Berg betsjut. It fernuveret him dat it trochlûken fan de Snitserhoeke no wer op't aljemint kaam is. In jier as wat ferlyn hat rykswettersteat noch sein dat dat nea wat wurde koe. Hy is bliid dat it "p.v.v.p." mei dêryn opnommen de rûnwei om Jirnsum no klear is. It liket him in taak fan de gemeente om te soargjen dat de termyn fan oanlis sa koart mooglik is. Wethâlder Van Gorkum seit, mei as andert op de fraach oer de lange en middellange termyn, dat der yn Readhuzum in âlde boer is, dy't him noch heuge kin dat doe't hy bysfeint wie rykswettersteat ek al dwaande wie mei opmjittings om te sjen oft

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 10