- 5 - de dyk fanôf Snitserhoeke trochlutsen wurde koe nei rykswei 32. It plan dat de hear Van den Berg nei foaren bringt liket him tige gaadlik, It is wol goed dat gemeentewurken dat ris besjocht en ek soe der kontakt opnommen wurde kinne mei it ferkearsburo dat yndertiid alris wat suggestjes jûn hat foar in oare oansluting fan Grou op de ryksweiDit punt komt dan oer in pear moanne wol yn de ôfdieling oan de oarder Fierder hat de ruilferkavelingskommisje oan Deputearre Steaten frege wêr't op rekkene wurde koe oangeande it trochlûken fan de Snitserhoeke. It andert fan D.S. wie dat de ruilferkaveling dêr mar gjin rekken mei hâlde moast. De plannen'fan de ruilferkaveling rinne noch wol sa'n tsien jier, dus as men dêr terminen oan ferbine wol dan sil middellang en lang dêr wol oan ta komme. Sprekker betreurt it dat de hear Damsma seit dat men fierder west hie as men syn suggestjes folge hie. It testamint dat hy neamd hat, is bepraat yn it kolleezje en ek mei de provinsje binne de mooglikheden om de oanlis fan in râne/rûnwei om Jirnsum rün te krijen mear as ien kear bepraat. D.S. kin net earder as healwei 1985 sizze wêr't de gemeente op rekkenje kin en hy fynt dat de hear Damsma dan mar oanjaan moat wat de oare mooglikheden binne. De hear Damsma seit dat wat de wethâlder nei foaren brocht hat nij foar him is. Hy soe dochs wol jerne wolle dat de foarsitter troch in tillefoantsje nei de krante it berjocht dat hy de jildsaken oangeande de rûnwei al rün hawwe soe, rjocht set. De hear Van den Berg seit dat syn fraksje ek al praat hat oer de swierrichheden dêr't de P.P.D. mei oankomme sil oangeande it idee dat hy nei foaren brocht hat, mar it liket harren dochs de muoite wurdich om it op't aljemint te bringen. De voorzitter antwoordt dat hij zich niet verantwoordelijk voelt voor de bericht geving in wat voor krant ook. Wenst de heer Damsma al een rectificatie dan kan hij zich daartoe zelf ook wel wenden tot de betreffende krant. Punt 6: Mefrou Bloem seit dat oer dizze saak adfys frege is oan de wolwêzenskommisjeIt liket har goed ta dat yn in meidieling dêroer ek dat adfys meinommen wurdt mei de reaksje fan it kolleezje dêrop. Om't de takomst fan it Frysk Orkest noch mar foar in part seker is, kin der no noch net krekt oanjûn wurde oft der noch in oanfoljende bydrage komme moat of net. Fierder stelt hja út om yn de folgjende riedsgearkomste alle mienskiplike rege lingen op in rychje te setten sadat dan besjoen wurde kin hokker wol en net fuortset wurde moatte. Spitigernôch is der fan D.S. ek noch net in útspraak oer de wize wêrop de oergong fan gearwurkingsferbannen regele wurde sil. Mevrouw Aukes meent dat er in het voorjaar afgesproken was om alle subsidie regelingen in de afdeling aan de orde te stellen, zodat bekeken kon worden welke regelingen wel en welke niet voortgezet zouden moeten worden. Wethouder Poppen antwoordt dat het advies van de welzijnscommissie om de regeling op te zeggen niet is overgenomen omdat het college eerst afwacht welke deel van het Frysk Orkest door het rijk zal worden overgenomen. Verder is het gemeente fonds al gekort door het rijk vanwege de overname van deze zgn. podiumkunst. Er is tot december gewacht met het aan de orde stellen van de gemeenschappelijke regelingen om op die manier zoveel mogelijk informatie te kunnen verstrekken. Ook speelt daarin mee het feit dat van G.S. nog steeds geen goedkeuring is ont vangen over de keuze van samenwerkingsverband. In ieder geval zullen de regelingen waarvoor een half jaar uitstel verkregen is, in de decembervergadering aan de orde komen. Punt_ll:De hear Bethlehem is bliid mei dizze ferkeap. Hy freget him lykwols wol óf oft hjir net in sa neamde greidewinkelkomme sil. Yn Utingeradiel hat syn fraksje him der foar ynspand om soks tsjin te hâlden.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 11