- 8 - De hear Van der Baan seit itfolgjende: "Graach wol ik in koarte taljochting en ferantwurding jaan by de moasje oangeande it bekoartsjen fan de aaisikerstiid. Dat wy ús sa drok meitsje oer dat ünderwerp hat syn oarsaak. It aaisykjen is nammentlik in stik geef Fryske kultuer en is bewoartele yn it folk fan Fryslân: dêrfandinne de bining folk, fûgels, lân, boer, natuer. Doe't yn de jierren fan de léste wrâldkriich de fûgelatânal mar ôfnaam, wiene it krekt de aaisikers dy't de koppen by elkoar stieken en rjochten fügel- wachten op, want it wiene "har" fûgels ommers? Ja, en dan geane de earste fingerkes al omheech. Dat is eigen belang! Lit dat dan sa wêze, mar is it net moai dat eigen belang strykt mei en ynpast wurde kin yn it algemien belang foar fügel- en natuerbehâld? Fryslân, wat in ynset. Rûchwei 2.000 man binne ree sa'n 50.000 ha te "begelieden" (neisoarch) en it tal minsken sawol as it tal hektaren nimt alle jierren ta. De measte boeren hawwe yn de maaitiid de hannen fol oan it wurk en binne bliid mei de help fan de fügelwachterswant fierwei de measte boeren by ús binne "fügel- minded"Wat hjir bart is unyk en de "Nederlandse Vereniging tot bescherming van Vogels" besiket dat wurk yn gearwurking mei de B.F.V.W. ek bûten Fryslân fan de grûn te krijen. Algemiene wurdearring foar it wurk fan de Fryske aaisikers. Lykwols fine se yn Den Haach wat oars út want se tinke dat it better kin: it aaisykjen ferbiede of sadanich ynkoartsj^e (3 april) dat der neat mear fan oerbliuwt. Soks is it begjin fan de ein, want oer in stikmannich jierren sil in wichtich areaal oan saakkundigens ferdwine. Optimale neisoarch is allinne dan mooglik as men oer dy kennis beskikt. Boppedat sil it folk ünferskillich wurde yn dy sin fan: "As se it yn Den Haach dan better witte, lit harren it dan mar opknappe". Om koart te gean, in tige negative ûntjouwing. Dat it aaisykjen in gefaar foar de fûgelstân ynhâlde soe wurdt sawol troch pref. dr. Klomp as drs. Beintema ûntstriden. Beide hearen hawwe op dit mêd it meast oan ündersyk dien yn Nederlân. Hja sizze dat - sa as it aaisykjen no bart - it folslein gjin skea docht oan de stân fan de greidefügels Kenners yn Fryslân binne oer it generaal fan betinken dat it sykjen foardielen jout. Troch it sykjen oan 12 april ta wurdt it útkommen fan de earste jonge fügels om sa mar te sizzen opskood. Ut ündersyk fan Beintema hat bliken dien dat 10°C foar jonge fügels de uterste grins is om te oerlibjen.Nlj"sgjirrich en opfallend is dat yn tsjinstelling mei it "frije" fjild de fûgelstân yn de Fryske reservaten efterút giet. Nei alle gedachten is dat it gefolch fan ûngeunstige klimatologyske omstannichheden by it útkommen fan de earste jonge fügels. Sa leit de saak yn koart bestek der foar. Dêrfandinne ús moasje, dy't mei in oantrún foarmje kin om de Haachse regearders ta oare gedachten te bringen. De tekst fan de moasje is as folget: 'De ried fan de gemeente Boarnsterhim op 20 novimber 1984 yn gearkomste byinoar, hat him op'e hichte steld fan de plannen fan in nije fügelwet. Hy nimt derby yn omtinken: - dat it aaisykjen de lju nauwer behellet by de neisoarch en harren ek saakkundiger makket - dat troch dy saakkundigens in goede neisoarch feilich steld wurdt; - dat dy neisoarch (benammen ek troch de yntinsivearring fan de lânbou) fan wêzentlik belang is foar de stân fan de greidefügels; - dat alle jierren mear as 2.000 frijwilligers harren dwaande hâlde mei dy neisoarch; - dat mei it bekoartsjen fan de aaisikerstiid oant 3 april dy neisoarch fuortfalle sil; - dat soks in minne ynfloed hawwe sil op de stân fan de greidefügels; - dat de nije fügelwet soks nea ta doel hawwe kin; - dat der gjin biologyske arguminten foar hannen binne dy't it ferbod fan it ljipaaisykjen stypje. Hy stiet der op oan dat, op grûn fan boppeneamde arguminten, it regear en it parlemint de slutingdatum foar it ljipaaisykjen hanthavenet op 13 april foar de provinsje Fryslân en freget it kolleezje foarneamd útstel troch te jaan nei

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 14