- 10 - Dat het g.o. afwijzend staat tegenover de in het model aangebrachte wijzigingen, is in het voorstel opgenomen. Verder is er in de volgende g.o.-vergadering niet uitdrukkelijk gevraagd dit punt nogmaals te behandelen. Spreker ziet daarom geen aanleiding óm dit voorstel terug te nemen en weer in het g.o. aan de orde te stellen. De hear Van den Berg tinkt dat it feit allinnich al dat der net gelyk tocht wurdt oer de behanneling fan dit punt oanlieding wêze moatte soe om te sizzen dat it nochris yn it o.o. oan de oarder steld wurde moatte soe. Ek om te foaren te kommen dat de fakbûnen dit beslút fan de ried oanfjochtsjen geane mei as argumint dat it net yn it o.o. bepraat is. Hy stelt dêrom út dit punt oan te hâlden en nochris yn it o.o. oan de oarder te stellen. De hear Damsma stipet it útstel fan de hear Van den Berg. De voorzitter zegt dat het college, gehoord de raad, besluit dit voorstel aan te houden en nogmaals in het g.o. aan de orde te stellen, waarna het in de raad terug komt. Voorstel tot het vaststellen van nieuwe woonforensen- en toeristenbelastingver ordeningen. De voorzitter zegt dat de leden in de eerste ronde hun opmerkingen kunnen maken en dat de vergadering dan geschorst wordt voor een korte pauze waarin het college een antwoord kan formuleren. Daarna krijgen de leden de gelegenheid in tweede instantie te reageren. De hear Damsma seit it folgjende: "Jimme begjinne yn jimme útstel te sizzen, dat der yn de trije eardere gemeenten Idaarderadiel, Utingeradiel en Raarderhim ferskate oarderingen wienen, en dat dy yn ús nije gemeente Boarnsterhim op ien line brocht wurde moatte. Dit stribjen kinne wy begripe en wolle wy ek stypje, hoewol't ús útgongspunt oars leit as yn jimme útstel stiet. Wy wolle de fjouwer pylders dêr't dizze oardering op basearre is, ntl. twadde wenten, wenskippen, oernachtingen 'en fêste steanplakken stik foar stik bylâns gean. Wat de wenten oanbelanget kinne wy ús yn it kolleezje-útstel wol fine. Ek de wenskippen jouwe foar ús gjin problemen, en geane wy akkoart mei jimme útstel. Der is in siswize dy11seit "It fenyn sit yn'e sturt"sa ek yn jimme útstel omtrint de toeristebelesting. Lit my begjinne mei de oernachtingen. Sjoen de grutte rompslomp dy't dizze heffing meibringt, sawol foar de gemeente, de V.V.V.'s as de ûndernimmersen it oer ien kaam skearen fan minsken dy't hjirre saaklik oernachtsje moatte, en ek sjoen de opbringst fan dizze heffing, binne wy fan betinken dat dit net trochgean moat. Wy soene wol fan it kolleezje hearre wolle, hoe't hja tinke kontrôle op dizze heffing útoefenje te kinnen, en wat de kosten dêrfan binne. En dan as fjirde pylder de fêste steanplakken. Ik nim oan dat it by it kolleezje bekend wêze sil wa't dizze belesting opbringe moat. Foar de dúdlikheid wol ik it nochris herheije dat dat oer it generaal minsken binne mei in smelle beurs, dy't net mei grutte jachten op it wetter binne; minsken mei in roeiskouke, al of net mei in oanhingmotorke der efter. Wy kinne ús net foarstelle dat in kolleezje, mei sa'n oerhearskjend sosjalistyske ynslach doart te kommen mei in útstel dat in oanslach docht op minsken dy't hearre ta de legere, sa net ta de leechste ynkommenskategorieën, wylst hja oars de mûle der oer fol hawwe, hoe't ús regear yn Den Haach allinne de swakkeren pakt. Foarsitter, jo hawwe it op 2 jannewaris 1.1. yn jo ynstallaasjetaspraak hân oer de deugden en ûndeugden fan de eardere gemeenten. Yn de algemiene skôgings by de begruttingsbehanneling 1984 ha ik hjir op ynheakke,

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 16