- 11- en sein, "bewarje wat goed is, en smyt fuort wat net goed wie". Hjoed is it safier dat wy in kar meitsje moatte, oer wat goed wie of net goed. Dan wol ik benammen neame de toeristebelesting dy't yn it ferline allinne yn Utingeradiel ynfierd is, en dêr winliken üntstien is út in kêst-12-situaasje. Wy kinne ús fine yn it skriuwen dat alle riedsleden krigen hawwe fan de V.V.V.'s yn ús gemeente, dêr't motivearre yn oanjün is, wat de gefolgen binne fan de ynfiering fan in toeristebelesting. Ek kinne wy ús fine yn de beswieren fan it bedriuwslibben sa't dy sein binne yn de iepenbiere gearkomste fan de tredde ôfdieling fan 31 oktober 1.1. Spitigernôch moatte, sa't skynt, de notulen fan dy gearkomste noch skreaun wurde en kin dêr- troch guon riedsleden net witte wat dêr troch it bedriuwslibben sein is. Yn dat petear kaam ünder oaren ek de wurkgelegenheid op't aljemint, sa't dy der yn ús gemeente hinne leit, en wêrút bliken docht dat in grut part fan it wurkfolk syn brea fertsjinnet yn de rekreative sektor. En it krijt hjoeddedei noch in folie grutter betsjutting, no't op oare méden de wurkgelegenheid yn ús gemeente, ús by de hannen om't ôfbrekt. Ik hoech allinnich mar te neamen de oankundige slutingen fan Stork yn Grou, S.R.V. yn Jirnsum en de Spar yn Aldeboarn. Nei ús betinken kinne wy op it mêd fan de wurkgelegenheid mei ynfiering fan in toeristebelesting, "de hin mei de gouden fearren wolris plokje". Mefrou Bloem seit dat der oer dit ünderwerp al in protte sein is en dat der nei alle gedachten ek noch wol in protte oer sein wurde sil. It liket yn it earste oankommen net sa sympatyk om gasten foar harren oernachtingen betelje te litten. Lykwols wurdt it foar de gemeente der net makliker op om alle jierren de rekken slutend te krijen. Om de eigen ynwenners dan mar hyltyd foar alle kosten opdraaie te litten is ek net goed, benammen as it om kosten giet dy't somtiden tige dúdlik allinnich foar it toerisme binne. Der is besocht om in oar systeem te finen foar de belesting op de wenten en wenboaten, mar dat is net slagge. Alle oare methoaden soene te grutte ûnderlinge ferskillen jaan. Ek foar de toeristebelesting is besocht in oare oplossing te finen. Lykwols soe it weilitten fan dizze belesting te bot ta skea fan de eigen ynwenners gean. Dêrom giet har fraksje akkoart mei it útstel fan it kolleezje om dizze belestingen yn te fieren. Wol komme hja mei in tal feroaringen. Dy feroaringen wol de fraksje fan sprekster oanbringe om't hja net ûnferskillich steane tsjinoer de krityske opmerkings dy't troch ferskate, by it toerisme belutsen groepen makke binne. Lykwols kin troch it heffen fan toeristebelesting de foarsjennings foar de toeristen op peil hâlden wurde. Yn it foarste plak is der besocht ek foar de wettertoeristen in belesting yn te fieren. It waard ntl. as tige ünridlik oanfield dat dy minsken neat hoegden te beteljen. Fierder is it oernachtingstaryf omleech brocht fan Q50 nei 0,40 per nacht. It taryf foar de fêste stânplakken is troch in oare berekkening op it selde be- drach stean bleaun as it kolleezje foar eagen stie. De totale opbringst fan de belesting bliuwt gelyk oan dy fan it kolleezje-útstel De hear Terra is fan betinken dat yn dizze tiid fan hyltyd mear frije tiid de foarsjennings foar de rekreaasje wol yn stân hâlden wurde moatte. Dêr is jild foar nedich en dan komt de fraach wa't dat opbringe moat. Om't de eigen ynwenners ek fan de foarsjennings gebrük meitsje.moat de gemeente in bydrage yn de kosten jaan; lykwols moatte ek de minsken dy't feitlik gebrük meitsje fan de foarsjennings har part dêroan bydrage. Dat it kolleezje de boatsje- minsken dêr net by belükt fynt sprekker in spitige saak. Yn de tariven dy't hantearre wurde, moat wol dúdlik it tiidrak fan gebrük meispylje. Yn de ôfdielingsgearkomste is ek sein dat op dizze wize de hin mei de gouden aaien slachte waard. As oan it betingst dat de ynbarde jilden ek yn de rekreative sektor brükt wurde, foldien wurdt, sil dat net barre. It liket him ta dat as de hin in better hok kriget, der kâns is op mear aaien.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 17