- 22 - komsten daarvan is men naar een ingenieursbureau gegaan met de vraag welke veranderingen dan noodzakelijk zouden zijn. Doordat het gebouw op hetzelfde tijdstip voor verschillende activiteiten gebruikt moet kunnen worden, is het noodzakelijk dat beide onderzoeken tegelijk worden uitgevoerd. Mevrouw Aukes blijft deze gang van zaken toch onlogisch vinden. Op grond van een bouwkundig onderzoek kan pas bekeken worden welke ruimten op energiebe sparende en/of akoestische maatregelen bekeken moeten worden. Zonder hoofdelijke stemming wordt vervolgens conform het voorstel besloten. Voorstel tot vaststelling van een onderwijsbeleidsplan voor de gemeente Boornsterhem De hear Bouma hellet yn't koart it ûntstean fan it ünderwiisbeliedsplan yn de gemeente Idaarderadiel oan. It úteinlik ûntstiene konsept-plan is yn Boarnsterhim oan de ünderwiisynstellings foarlein. Der wiene positive reaksjes mar ek reaksjes mei as ynhâld dat de formulearringen op papier net helber wêze soene. Op papier steane dan ek de doelstellings sa't it wêze moatte soe, mar de hjoeddeiske situaasje leit der faak hiel oars hinne. Oan de iene kant binne der de besunigingen mei as gefolch de swierdere wurkom- stannichheden en oan de oare kant moat ek noch de basisskoalle ynfierd wurde. It ünderwiisbeliedsplan is yn sa'n situaasje in moai helpmiddel foar skoalbe- stjoer en ûnderwizers. By it opstellen fan it skoalwurkplan kin mei de doelstel lings yn dat beliedsplan rekken halden wurde en it skoalbestjoer hat tagelyk in toetsingsramt foar dat skoalwurkplan. Yn it stik fan it kolleezje wurdt steld dat der mei dat plan bgl. wurke wurde kin oan prioriteitstelling, mar der wurdt net by sein hoe't dat dan dien wurde moat. Sprekker stelt dêrom út om net allinnich it beliedsplan fêst te stellen, mar ek in wurkgroep yn te stellen besteande út fertsjintwurdigers fan âlden, learkrêften en skoalbestjoeren, dy't de prioriteiten op in rychje set en de skoallen helpt by de útfiering dêrfan. Dit plan jildt yn it foarste plak allinnich foar it iepenbier ûnderwiis. Mar syn fraksje is it mei it kolleezje iens dat der besocht wurde moat yn oerlis mei it bestjoer fan it bysûnder ûnderwiis it iens te wurden oer de ynhâld fan dit plan. Of yn elts gefal by de útwurking fan it plan yn oerlis en as it kin gear- wurking te kommen mei it bysünder ûnderwiis. Yn dat gefal kin ntl. oan de besteande stjoergroep fan de ûnderwiis-begeliedingstsjinst opdroegen wurde om oan de út- wurking fan dit beliedsplan te wurkjen. Slagget dat net, dan soe it kolleezje komme moatte mei in útstel foar in aparte wurkgroep sa't sprekker dy omskreaun hat. Oare redenen om sa'n groep yn te stellen binne ek de regelmjittige bystelling fan it beliedsplan en it oppakken fan ûnderwerpen dy't der no noch net yn steane. De hear Van der Baan seit it folgjende: "Ik wol besykje hjir jûn yn koart bestek in oanfoljend kommintaar te leverjen op it ünderwiisbeliedsplan. Njonken alle wurdearring dy't ik haw foar de ynset dy't de gearstallers toand hawwe by it ta stân bringen fan dat plan en foar de treflike oansetten dy't dat plan jout, wol ik konstatearje dat it plan spitigernôch yn it ûnderwiisfjild net oeral mei jûchhei ûntfongen is. Soks soe foar in part oan dy skoallen seis lizze kinne, mar dochs sille wy de oarsaak ek mei sykje moatte yn de grutte diskrepânsje dy't der leit tusken dat part fan it ünderwiisfjild en it plan. Fan de opmerkings, dy't de skoallen makken, is frijwol neat yn'e einredaksje werom te finen. Ik fyn dat net ferstannich. It liket as is der mar ien wei mooglik, en sjitte de oare skoallen tekoart. Alteast sa wurdt it ûndergien. It jout ûnnedige frustraasjes en dy hiene foar te kommen west, as it plan in wat breder en rommer útgongspunt en omskriuwing jün hie. It plan seis is te folie de benaderingswize fan de Jena-planskoalle, in op him- sels te akseptearjen skoalletype, mar dat wol net sizze dat der gjin oare wegen

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 28