- 23 - nei Rome ta liede of yn dat gefal:mear as ien ûnderwiissysteem kin ta itselde of yn bepaalde gefallen seis ta in better resultaat liede. Dat hinget nau gear mei faktoaren as skoallebefolking, learkrêften, âlden en oare tafallichheden. Boppedat feroaret troch ündersyk it ynsjoch yn en de wurdearring fan b.g. it klassikale systeem sadanich dat de slinger fan de saneamde ünderwiisfernijing op 'e wei werom liket te wezen. Ek de wearde dy't oan kennis takend wurde moat, sil troch de jongste ündersyksresultaten folop yn diskusje reitsje. Maatskiplik is soks yn Nederlân noch min te ferkeapjen, mar sjoen de brede golfbeweging fan dy ûndersiken, sille ek wy aanst de wearde fan de foarming op'e nij ikerje moatte. My tinkt dat it rapport dér no al rekken mei hâlden kinnen hie. Fan dy gedachte út wei woe ik mei de folgjende amendeminten komme. Side_15^ "Kennis is minder belangrijk dan vaardigheden en attitude" feroarje yn: "Aan kennis wordt een andere waarde toe gekend dan aanvaardigheden en attituden" De rest soe ferfalle moatte. Boppeneamde sin ferfolgje mei: "Elementaire kennis blijft noodzakelijk om tot inzicht te komen. Bovendien komt het de sociale redzaamheid ten goede. De basisschool zal aanvullend nadruk leggen op De omskriuwing sa't dy oarspronkelik hjir stiet strykt net. Feardig- heden en attituden binne fan kennis ófhinklik. Hoe sil men in attitude foarmje as men gjin kennis hat (ek by autoriden, dünsjen en pianospyljen leare is earst kennis nedich) In attitude (hâlding) kin men allinne goed bepale (b.g. tsjin it Frysk oer) as men kennis fan saken hat. Oars wankt it gefaar dat it oardiel basearre wurdt op 1foar-oardielen. As men hâldingen allinne troch ge- foelens bepale litte soe, komt men b.g. by it faksisme út. Dat berêst ntl. benammen op gefoelens. En hoe komt it mei ús arbeidersbern? Ut koartlyn ferskynd ündersyk (universiteiten fan Amsterdam en Grins) blykt, dat dy bern dy't de tradysjonele klassikale skoalle mei in foarkar foar it oanbringen fan kennis folgen û.o. in dúdlike foarsprong hiene op it mêd fan de sosjale redsumens. Dêrfandinne dizze feroaring. Side 16: "In de nieuwe basisschool zal de individualisering centraal staan" fer oarje yn "In de nieuwe basisschool kan de individualisering zodanig een plaats vinden, dat blijven zitten niet nodig is.". Ut in mûnlinge reaksje út'e kommisje wei soe dizze omskriuwing basearre wêze op de nije wet basisünderwiis. Ik nim oan dat dat kêst 8 is. De omskriuwing stiet dêr sa: "Het onderwijs wordt zodanig ingericht dat de leerlingen een ononderbroken ontwikkelingsproces kunnen doorlopen. Het wordt afgestemd op de voortgang in de ontwikkeling van de leerlingen" Dat dêrmei de yndividualisearring sintraal stean moat is net wier. It soe as middel brûkt wurde kinne. Mear net. Der moat romte wêze foar de skoallen om oare wegen yn te slaan. Sa soe men b.g. tinke kinne oan individualisearring yn de middels dat in bydrage foarmje kin ta kommunale doelen, dy't oan de ein fan de basis- skoalle berikt wêze moatte. Side 22: "Zij wil daartoe voorwaarden scheppen, die alle kinderen in staat stellen" feroarje yn: "...die zoveel mogelijk kinderen in staat stellen Mei de opiny fan mear as ien skoalle binne wy it folslein iens, dat soks in utopy is. In net wier te meitsjen doelstelling. It soe better wêze om mei beide fuotten op'e grün te stean en reële doelstellings te for- mulearjen. Side 14: "Het creëren van leerlingengroepen die zijn samengesteld uit kinderen van verschillende leeftijd, geniet de voorkeur boven de zogenaamde leer stofjaargroepen" feroarje yn: kin in gevallen de voorkeur genieten boven Hjir wurdt de Jenaplanskoalle boppe de oaren wurdearre. Net ferstannich en net reëel. It is in wurkwize, mar net de iennige en net yn alle ge- fallen de béste. As de saak sa simpel lei, as hjir suggerearre wurdt, yn de sin fan: "Kies Jena foar alle oare systemen en it ûnderwiis is

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 29