- 25 - fêst te lizzen. Side 15: Yn de reaksjenota stiet dúdlik útlein wêrom de sin "Kennis is minder belangrijk dan vaardigheden en attitude" hanthavene wurdt. De oanfolling dy't de hear Van der Baan derby jout, hoecht ek net opnommen te wurden neffens it kolleezje. Side 16: Ut de nije wet op it basisûnderwiis lést sprekker dat yndividualisearring einliks elk bern ôfsûnderlik is. Side 22: It giet om in doelstellingennota dêr't de doelstellingen dúdlik yn om- skreaun wêze moatte. Side_14: Yn feite jildt it selde foar dizze wiziging. It giet om in dúdlik om- skriuwen fan de doelstelling. Side_38: Oangeande de feroaring dy't de hear Van der Baan oanbringe woe oer it it Frysk, liket it sprekker ta dat dat earder in ferswakjen is fan wat der yn it rapport stiet. Yn de twadde ôfdielingsgearkomste hat de hear Van der Baan wol terjochte opmurken dat op side 39 gjin ferbining lein is tusken gewoan leger ünder- wiis en it fuortsetûnderwiisOan de sinsnede "hetgeen inhoudt dat zowel het Fries als het Nederlands in gemeentelijke scholen voor openbaar lager onderwijs" moat noch taheakke wurde "en het voortgezet onderwijs". Oangeande it amendemint fan de hear Van der Baan is de hear Bouma it wol iens mei wat mefrou Aukes dêroer sein hat. Hy seit dat yn de wurdlist dy't oan dit plan taheakke is, in oar byld jün wurdt fan de wurden "attitude" en "individualisering" as wat de hear Van der Baan nei foaren bringt. It jildt neffens him eins foar alle oanhelle útspraken, dat dy út harren ferbân helle binne. Ek wurdt der net keazen foar in bepaald skoaltype. It giet der om dat út de doelstelling dat elts bern unyk is, bepaalde linen fuort komme dy't konsekwent trochlutsen wurde moatte, om't oars it formu- learjen fan doelstellings gjin sin hat. It wichtichste yn it stik fan de hear Van der Baan fynt sprekker de opmerking dat de hâlding tsjinoer it Frysk sa't dy yn it plan oannommen wurdt, ünderwiis- kundich en sosjaal-kultureel sjoen in misser is. Dér wurdt neffens him de flater makke dat it oanhelle sitaat net de einkonklúzje oer it Frysk is. Dy wurdt fier- derop op de side jün en dêrút konkludearret hy dat hjir troch de F.N.P. de misser makke is dat dit stik net folslein lezen is. De hear Van der Baan konstatearret dat dizze saak op dit stuit fanút ferskate sjenswizen besjoen wurdt en dat fynt hy spitich. It giet him der om dat de parten dy't hy oanhelle hat sa yn it plan skreaun binne; dêr soe men oer falie kinne. Syn doel wie om troch oare omskriuwings noch wat ferbetteringen oan te bringen. Hy is dêrom teloarsteld dat syn suggestjes net oernommen wurde. Wethâlder Van Gorkum fynt it ek spitich dat men it net folslein meiïnoar iens is. Hy hopet lykwols dat dit beliedsplan yn de takomst wol dat bringe sil, wat der fan ferwachte wurdt. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 33a. Voorstel tot het aangaan van een geldlening van 2.000.000,=. De voorzitter zegt dat deze lening voornamelijk bedoeld is om duurdere leningen af te lossen. Daar vloeit binnen afzienbare tijd een rentevoordeel van 70.000,= uit voort. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 31