4a.Utstel om in lyts oerskot op de begrutting 1984 te besteegjen. GEMEENTE BOARNSTERHIM Oan de gemeenteried. Grou, 13 desimber 1984. It is in goed gebrûk om oan de ein fan it jier de begrutting op te skjinjen en ris út te rekken jen oft der faaks noch wat oer is. Fan sa'n oerskot op de begrutting (wat dus wat oars is as in rekkening-oerskot) kin dan in ynvestearring dien wurde, dy't yn ien kear dutsen wurdt, dat wol sizze der wurdt net de rinte en ôfskriuwing fan berekkene. Dit jier is der sa'n 45.000,"ienmalich" te besteegjen. Wy ferwize jimme nei de berekkening dy't by de riedstikken lein Wy wolle dêr in Mazda-pick up mei dubelde kabine foar de plantsoen tsjinst fan keapje 25.000, Dizze auto binne wy no brek. De plantsoenetsjinst moat him brûke om in ploech minsken (5 6) en materiaal nei de ûnderskate doarpen ferfiere te kinnen. De frachtwein dy't se no hawwe kin wol materiaal op, mar der kinne net mear as 3 man yn. Ek kin de nije auto dan brûkt wurde om yn it middeisskoft of by it kofjedrinken wat lijte en beskutting te hawwen as men yn ien fan de doarpen oan't wurk is. It oerbliuwende bedrach fan 20.000,wolle wy besteegje oan in twadde saneamde Pater-noster argyfkast foar de siktary-ôfdieling ynterne saken. Mei de oanskaf wie al rekkening hâlden yn de begrut ting, mar troch hegere oare útjeften ten leste fan de post admini- straasje, printwurk, porti ensfh.is der no net mear genôch romte om neist de oanskafte kast ek noch de twadde te bestellen. Hy is lykwols wol nedich om it "rinnende" argyf fan de gemeente hânsum yn op te berg jen. De 4-ladenkasten dy't no yn gebrûk binne, kin it spul ek wol yn, mar dy nimme mear flierromte yn beslach en binne ek folie bewurkliker. De 4-ladenkasten fine by de ôfdieling maatskiplike soarch wer in plakje. Gearfetsjende soene wy jimme ried útstelle wolle om fan it oerskotsje op de begrutting 1984 in Mazda Pick-up mei dûbelde kabine en in Pater-Noster argyfkast oan te skaffen. It konsept-riedsbeslút leit by de riedstikken op besjen. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 40