- 2 - dat hja der sein hat, wurdt dêr noch oan taheakke dat hja hopet dat de rekonstruksje yn goed oerlis mei de bewenners barre sil. De notulen worden vervolgens met inachtneming van bovengenoemde aanvulling vastgesteld. 2. Ingekomen stukken. Punt_5; De hear Van den Berg seit dat de oansluting fan de Stationswei fan Grou op Rykswei 32 in tige gefaarlike krusing is. Hy is bliid dat rykswettersteat de problemen hjir ündersiket, mar hy wol der op oan trune dat dêr sa gau mooglik stopljochten komme fanwege alle üngemakken dy't der de leste tiid bard binne. Hy hopet dat dit de winsk fan de folsleine ried is. De hear Damsma wol it inisiatyf fan de V.V.V. ek stypje. It liket him it beste dat de opmerkings hjiroer rjochtstreeks nei it ministearje yn Den Haach stjoerd wurde en net nei rykswettersteat yn Ljouwert. De hear Terra is it wol iens mei wat der al sein is. Hy wol seis wol fierder gean as de hear Van den Berg. Der soene fuort tydlike stopljochten pleatst wurde moatte en dêrnei soe der praat wurde moatte oer in goede oplossing. De hear De Wolf fynt it eins in skande dat der nei sa'n protte üngemakken noch hyltyd oer dit krúspunt praat wurde moat. Der hie neffens him allang in fjouwer- baansdyk lizze moatten mei ungelykflierige krusings. "Mar salang't wy noch mei dit karrepaad oanklaud sitte, moat der yndied op oanstien wurde dat der in foar- sjenning komt dy't de kâns op üngemakken lytser makket"sa seit sprekker Wethâlder Van Gorkum konstatearret dat it brief dat it kolleezje oan rykswetter steat hjiroer stjoerd hat net krêftich genôch west hat. Hy seit ta dat der noch- ris kontakt opnaam wurde sil oer dizze saak en dat de miening fan de ried dúdlik nei foaren brocht en bepleite wurde sil Punt 11: De hear Van den Berg freget oft de hjirneamdei brosjuere ek taheakke wurde kin oan de literatuerlist fan de notysje - dy't noch komme moat - oer "gemeente en frede en feiligens". De voorzitter zegt toe dat dat zal gebeuren. In de vergadering van 3 december van de eerste afdeling zal dit punt aan de orde komen. Punt 17 Mefrou Watzema wol der by it kolleezje op oan trune om sa gau mooglik mei in en 26: neier adfys te kommen oer de problematyk fan de twadde wenten. It ferkrotsjen fan dy wenten hat nimmen wat oan. Ek de hear Terra is fan betinken dat der sa gau mooglik wat dien wurde moat. De hear Damsma is it mei de foarige sprekkers iens. Hy wol der op oanstean dat dizze saak yn it ramt fan de doarpsfernijing op koarte termyn oanpaktwurde sil. De voorzitter antwoordt dat het college dit probleem ook ziet en er liefst zo snel mogelijk iets aan wil doen, maar dat het aan de andere kan niet mogelijk is om in een nieuwe gemeente al dit soort problemen binnen één jaar te regelen. Punt 25: It liket de hear Nieuwdam better om dit brief net foar kundskip oan te nimmen. Yn ferbân mei it ynrjochtsjen fan it nije gemeentekantoar kin bést besjoen wurde oft der ek gebrük makke wurde kin fan it oanbod. Mevrouw Aukes meent te weten dat er al contact geweest is met de betreffende kunstenares. Zij wacht de ontwikkelingen daarom maar af. Zij vindt dat het

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 8