-12-
De heer De Wolf zegt dat dit voorstel zo uitvoerig is behandeld
in afdelingsvergaderingen dat hij geen behoefte heeft er nog
iets over te zeggen.
De hear Damsma is bliid dat dit it resultaat is fan de petearen
yn de ôfdieling, en dat jildt dan benammen foar de lytse doarpen.
Wat him yn it útstel fernuvert is de siswize dat dit program
net in definityf karakter hat. Hy kin him dat oangeande de sifers
wol yntinke, mar hy hopet dat de tendins wol fêst leit.
Fierder is der yn in eardere gearkomste sein dat der gjin problemen
mear binne oangeande de boulokaasjes, mar as sprekker dan heart
wat de hear Nieuwdam nei foaren bringt wurdt hy dêr wol wat
kjel fan en freget hy him óf oft der yndied gjin problemen mear
binne.
Wethâlder Breeuwsma seit dat bliken dien hat dat der yn Wergea
better 5 as 4 huzen op dy lokaasje boud wurde kinne. It doel
is om troch yn Akkrum wat te skowen, oan Wergea dochs noch 5
wenten ta te wizen.
Yn Raard jout de oankeap fan de grûn op dit stuit wat swierrichhe-
den. Dat komt troch de superheffing. Der wiene ntl. al prinsipe-
ôf spraken makke, mar troch de superheffing is it allegearwer
feroare. Sprekker sil yn de kommende wike wer in petear hawwe
^mei de fertsjinwurdiger fan de minsken dêr't grûn fan oankocht
'wurde moat. Der wurdt alles oan dien om yn 1985 dochs noch te
bouwen yn Raard, mar mocht dat net slagje - dat wurdt ek fuort
oan de ried bekend makke - dan is it wol it doel om uêr yn
1986 te bouwen. Dat doe dan mooglik wêze as der mei Boarn ruile
wurde soe. Yn Boarn sil yn 1986 boud wurde en net yn 1985.
Lykwols is dat in needoplossing dy't allinnich oangrepen wurdt
as it perfoarst net oars kin.
Yn Jirnsum leit yndied wat fersmoarge grûn op de boulokaasje.
Mei de provinsje is de óf spraak makke dat sadree men dêr oan
it bouwen ta is, Onder tafersjoch fan de provinsje earst de
fersmoarge grûn ófgroeven wurde sil. Dat is mooglik om't de
mate fan fersmoarging net tige grut is. Fierder hatbliken dien
dat dat terrein grût genóch is om 8 yn stee fan 6 wenten te
bouwen en sprekker seit op foarhân dat besocht wurde sil troch
ferskowen yn oare doarpen dat noch mooglik te meitsjen. Lykwols
sil dat, as dat trochgean kin, noch wol yn de ófdieling oan
de oarder komme.
Fierder is de wenningbouferiening ek op de hichte fan de tasizzing
dy't oan doarpsbelang fan Warten dien is foar 1986. It doel
is ek dat oan dy taszissing fêsthâlden wurdt.
Wat de opmerking fan de hear Damsma oanbelanget seit sprekker
dat it kolleezje wol fan doel is it plan sa't dat troch de ried
oannommen is, út te fieren. Der kinne fansels altyd omstannich-
heden wêze dy't dy útfiering yn'e wei stean, mar it útgongspunt
is wol útfiere sa't oanjûn is.
De hear Nieuwdam betanket de wethâlder foar syn andert. Fierder
liket it him ta dat der foar it folgjende jier yn it oerlis
mei de wenningbouferiening in dúdlik útbalansearre útstel klear
wêze moat, om't der no dochs noch in pear saken binne dy't net
meiinoar oerien komme.
De hear Damsma is der net alhiel gerêst op dat dat der yn Raard
boud wurde sil. Yn 1983 binne der tsien wenten oan dat doarp
tasein en oan't no ta is der noch neat fan telâne kommen. Fierder
sjocht hy gjin ferbân tusken huzebou en superheffing.